Uri Rosenthal ynformateur

sneon 12 juny 2010

UriRosenthalDE HAACH – Keninginne Beatrix hat perfester Uri Rosenthal (sjoch foto) beneamd as ynformateur. Rosenthal is fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Earste Keamer. Hy hat de opdracht krigen om te ûndersykjen oft in koalysjeregear mei VVD en PVV mooglik is. Dêr sil op syn minst noch in oare partij by moatte. By it CDA liket net folle entûsjasjme te bestean. De Fryske CDA-pommeranten Joop Atsma en Doekele Terpstra binne poer op gearwurking mei de PVV tsjin. Terpstra seit dat er út it CDA stapt as dat akkoartet mei de partij fan Geert Wilders.

Ek sjen:

  1. Rosenthal wol twa ynformateurs
  2. Rosenthal en Wallage ynformateurs
  3. Gjin koalysje VVD-PVV-CDA
  4. Tjeenk Willink ynformateur
  5. Rosenthal optein oer froulik Nobelpriistrio

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic