VITENS EN ROYAL HASKONING HELJE 1,5 MILJOEN KÚB IERDGAS ÚT GRÛNWETTER
woansdei 2 juny 2010![]()
De oardel miljoen kúb ierdgas dy’t no noch samar de loft yn geane by it winnen fan drinkwetter yn Spannenburg, moat fan 2012 ôf nuttich brûkt wurde. De drinkwetterbedriuwen Vitens en Royal Haskoning wûnen foar it achterlizzende proses yn maaie twa prizen.
It heart nuver, ierdgas út grûnwetter, en it is ek net sa dat rûnom grutte mannichten metaan yn it grûnwetter oplost binne. Dat hinget hiel bot fan de lokaasje ôf. Foaral yn feangebieten dêr’t djipper yn de grûn hast gjin soerstof is, bedarje gassen lykas metaan, koalstofdiokside en swevelwetterstof yn it grûnwetter.
Foaral yn de noardlike provinsjes wurdt metaan yn hege konsintraasjes oantroffen. Metaan hat in negative ynfloed op de suveringsprosessen fan it wetter. Dêrom moat it rauwe grûnwetter, neidat it oppompt is, troch in plaatbeluchter om it metaan derút te heljen. Dêr wurdt fyftich kúb lucht by brûkt foar ien kúb wetter. Yn de útgeande stream is it metaan sa fertinne, dat men der neat mear mei kin.
Yn it Fryske Spannenburg, it grutste produksjebedriuw fan Vitens dêr’t jierliks 25 miljoen kúb kâldwetter wei komt, giet dêrom samar 1,1 miljoen kilogram metaan de loft yn (omrekkene genôch foar oardel miljoen kúb ierdgas). Spitich, want dat ierdgas kin ek brûkt wurde foar branje en boppedat is metaan in 21 kear sterker broeikasgas as CO2.
Fakuümûntgasse Mei help fan Royal Haskoning ûntwikkele Vitens in ynstallaasje om it metaan út it grûnwetter te winnen en op te wouterjen ta ierdgaskwaliteit. Dêrfoar makket Vitens gebrûk fan in fakuümûntgasser; in tank dêr’t de oploste gassen ûnder in lege druk út it wetter lutsen wurde. Yn Spannenburg leveret dat in gasmingsel op fan sa’n 65 persint metaan en fierder foaral CO2. Gelokkich is yn Spannenburg hast gjin swevelwetterstof oanwêzich, want dat soe de gassuvering yngewikkelder meitsje. No is it in kwestje fan in pear ienfâldige ‘waskstappen’ om it metaangehalte op te krikjen nei tachtich persint, itselde as yn it ierdgasnet.
De technyk fan it fakuümûntgassen bestiet al withoelang, mar is net earder foar drinkwettersuvering tapast. Foar it suveringsproses is soerstof nedich dat yn it wetter oplost is. Dêrom giet it grûnwetter yn Spannenburg nei de fakuümûntgassing dochs noch nei de plaatbeluchting. Omdat dy net mear nedich is om it metaan út it wetter te heljen, kin de tafier fan lucht oant twatredde beheind wurde. Dat betsjut in grutte besparring op de proseskosten.
Nei tests fan trije jier lyn, sil Vitens de ynstallaasje no realisearje. Der wurdt in ynstallaasje ûntwurpen dy’t alle rauwe grûnwetter yn Spannenburg behannelet. As dy healwei 2012 draait, moat er jierliks 1,5 miljoen kúb gas oan it ierdgasnet leverje. Yn ruil dêrfoar sil Vitens sertifikaten krije, dêr’t it op oare plakken yn it lân it ierdgas wer ôfnimme kin. It leit yn de bedoeling dat fjouwerhûndert eigen auto’s fan it bedriuw op it ierdgas ride sille.
It projekt fan Vitens en Royal Haskoning wûn yn maaie sawol de Europeeske Ynnovaasjepriis fan de International Water Association (IWA) yn de kategory duorsum produsearjen. Foar Vitens is dit de ultime befêstiging dat syn fokus op duorsumens en ynnovaasje leannet. 
Ek sjen:
- Grûnwetter stiltsjes smoarger Op it jierlikse sympoasium Bodem Breed yn Lunteren, dat fan...
- DE besparret ierdgas De kofjebrânnerij fan Douwe Egberts hat de ôfrûne trije jier...
- Knetterwetter neat better LJOUWERT – Wetterbedriuw Vitens wol it wetter minder hurd meitsje....
- 25 miljoen foar kampusprojekten Minister van der Hoeven fan Ekonomyske Saken stelt omtrint 25...
- Romteboat op moanne Saturnus Mei stipe fan de NASA begjint in tiim fan de...








