Waarmtewarskôging

moandei 28 juny 2010

man_waarmIt ryksynstitút foar de sûnens RIVM warskôget foar de gefolgen fan it hite waar. It kwik kaam moandei oer de 25 graden en de kommende dagen wurdt it allinnich mar hiter. It RIVM hat dêrom it lanlike hjitteplan yn wurking steld. Sikehuzen en oare helptsjinsten binne alert. Alderen wurdt oanret goed te drinken, safolle mooglik it skaad op te sykjen en it kalm oan te dwaan.

De sinne is boppedat tige fûl en dêrtroch kinne minsken maklik ferbrâne.

De measte minsken fine de tropyske temperatueren no noch noflik.

(boarne: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Fertsjusterings Ankom tiisdei, 21 desimber, begjint moarns om 7.33 oere in...
  2. Wy ite aardich wat op mei syn allen De supermerken hawwe dizze wike in omset behelle fan 825...
  3. Wy ite tefolle sâlt Út ûndersyk fan it RIVM hat bliken dien, dat mear...
  4. Meksikaanske gryp treft jonge bern Seis persoanen binne dizze wike stoarn oan de Meksikaanske gryp....
  5. Drank helpt tsjin sûkersykte DELFT – It is goed om alle dagen ien of...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic