Wichtige ûntdekking oer pine
tiisdei 15 juny 2010ALBANY – Minsken fiele pine op mear as ien manier, sa hat de Amerikaanske senuwdokter Frank Rice ûntdutsen. Hy ferwûndere him deroer dat pasjinten by wa’t senuwsellen yn ‘e hûd ûntbrutsen soms dochs bysteat wienen om oan te jaan oft in oerflak rûch of glêd wie, waarm of kâld of hoe hurd oft it tsjin ‘e hûd drukte – allegear saken dêr’t wy fan oannimme dat se fia de senuwen oan ‘e harsens trochjûn wurde. Hy kaam derefter dat der ek senuwúteinen sitte op ús ieren en switklieren.
Dat der senuwen op dy plakken útkamen, wie wol bekend, mar dokters wienen der altyd fan útgien dat se as iennichste taak hienen om de bloedstream en de transpiraasje te beregeljen. Rice en syn kollega David Bowsher hawwe no sjen litten dat se mei-inoar in ekstra sensoarysk systeem foarmje. “It leit yn ‘e reden dat alle minsken foar in part fia dy senuwen fiele,” sa seit er.
It ûndersyk fan Rice jout in oanwizing foar foarmen fan pine dy’t dokters oant no ta net begripe, bygelyks by migrêne en fibriomyalgy. Rice en guon fan syn kollega’s wolle meikoarten in ûndersyk begjinne nei in mooglike rol fan de oanbelangjende senuwen by dy sykten.
Ek sjen:
- Foetus fielt gjin pine LONDEN – Minsklike foetussen fan 24 wiken hawwe noch gjin...
- Pine sit tusken de earen OXFORD – Alle medisy binne bekend mei it plasebo-effekt, it...
- In nije ûntdekking oangeande kealens NEW HAVEN – “Kealens bestiet net echt”, skreau It Nijs...
- Singerjende holle kriget rêst DALLAS – Diskoteken, kroechmuzyk mei elektroanyske fersterking, te lûde muzyk...
- Koaldioksideútstjit makket fiskebrein gek TOWNSVILLE – De tanimmende útstjit fan koaldiokside (CO2) foarmet in...








