Wike fan it harkboek

tiisdei 15 juny 2010

Fan 16 oant en mei 27 juny steane harkboeken sintraal yn boekelân. Ek yn de Fryske lêzerij is ekstra omtinken foar harkboeken. Audiofrysk.nl bringt sûnt in pear jier yn oparbeidzjen mei Luisterrijk.nl regelmjittich nije Fryske harkboeken op ‘e merk.

Foar lêsbeheionden bestiet al folle langer de mooglikheid om Fryske boeken te beharkjen. Wa’t sels net (mear) goed, of om hokfoar reden fisueel gjin skreaune boeken lêze kin, kin se wol mei in saneamde daisy-spiler beharkje. Troch de measte soarchfersekerders wurdt sa’n spiler fergoede. Wa’t earst sa’n daisy-spiler útprobearje wol, kin ien liene by de pleatslike bibleteek.
Fryske harkboeken foar lêsbeheinden kinne oanfrege wurde fia it Sprutsen Frysk Boek. Even in telefoantsje nei 058-7890760 en it wurdt foar jo regele, sadat jo de oare deis al genietsje kinne fan Fryske titels.
De boeken fan it Sprutsen Frysk Boek binne ynlêzen yn de ynlêsstudio yn Snits. De lêste tiid binne der hiel wat nije ynlêzers bykommen. In modern boek lykas bygelyks De acht foar achten trein fan Trinus Riemersma – in splitscreen roman – is troch twa ferskillende persoanen op twa spoaren ynlêzen. De harker kin sa krekt as de reguliere lezer sels bepale hokker ferhaalline hy of sy folgje wol. Echt in eksperimint yn de Fryske harkboekewrâld.

De lêste boeken dy’t yn maaie beskikber kaam binne, steane hjirûnder.

  • Suteljenderwize teplak fan Piter Krol
  • Heftich fan Ate Grypstra
  • Marike fan Nijmegen en Elkenien fan Klaas Bruinsma
  • Lytse man fan Eppie Dam
  • Paadwizer fan Eelkje Tuma
  • De acht foar achten trein fan Trinus Riemersma
  • Flessepost fan ferskate skriuwers
  • Neeltsje fan Rikky Nagel
  • Yn ’t wylde wei fan Meindert Bylsma
  • Ik, Anna fan Lida Dykstra
  • Under wetter fan Koos Tiemersma
  • De kanon fan de Fryske skiednis, fan ferskate auteurs
  • Dat wie doe sa diel 5 en diel 6 troch Akky van der Veer en Baukje Wytsma
  • Ljippen, lân en leafde fan sake P. Roodbergen
  • It smoarge bestean fan Wilco Berga
  • Hupsakee fan Anders Rozendal
  • Eilânreis fan Klaske Hiemstra
  • It swijen net wurdich fan Willem Verf
  • Et geheim van de wiend fan Johan Veenstra
  • Unrêst op Sumarreheide fan Hedzer T. Hooijenga
  • Noardlike nachten fan R. R. van der Leest

mear ynformaasje Wieke de Haan
e-post: wieke.dehaan@tresoar.nl
telefoan: 058-7890760

Ek sjen:

  1. Nij harkboek fan Hylke Speerstra It lêste boek fan Hylke Speerstra, “De kâlde krústocht”, is...
  2. Nominaasjes NS-Publieksprijs bekend AMSTERDAM – Op it boekefestival Manuscripta yn Amsterdam binne snein...
  3. Job Cohen lêst Max Havelaar yn AMSTERDAM – Job Cohen hat de Max Havelaar fan Multatuli...
  4. Grutte boeke-opromming DE GORDYK – Wa’t syn foarrie Fryske boeken goedkeap oanfolje...
  5. Ien Nederlânsk-Flaamsk boekewikegeskink AMSTERDAM – It boekewikeboekje komt dit jier net allinne yn...

1 reaksje op “Wike fan it harkboek”


  1. Klaske
    15 juny 2010 15:35

    Kinst lekker by breidzje

Realisaasje: Pronamic