WK 2010 begjint mei lykspul

freed 11 juny 2010

WK2010_iepeningswedstriidJEHANNESBURCH – It wrâldkampioenskip fuotbaljen is begûn mei in ûnferwachte lykspul fan gastlân Súd-Afrika tsjin Meksiko. De Meksikanen dienen it ynearsten gâns better as de Súd-Afrikanen, mar doe kingele Siphiwe Tshabalala yn ‘e 55e minút de bal snoeihurd yn it doel. It dochs al earferdôvjende getoeter op ‘e fufuzela’s wie net mear te fernearen.

It lawaai foel stil doe’t Rafael Marquez yn ‘e 79e minút lykspul makke. Efkes hie it derfan dat Súd-Afrika noch winne koe, mar Katlego Mphela skopte flak foar it einfluitsje de bal tsjin ‘e doelpeal. De wille by de Súd-Afrikanen hie der net ûnder te lijen: it publyk fierde it lykspul as wie it in ûnbidige oerwinning.

Troch it hommelse ferstjerren fan syn oerpakesizzer koe Nelson Mandela net by de iepening fan it WK wêze. Mandela is sljocht op balskoppen. “Mar de geast fan Mandela is hjir fansels al,” sei FIFA-foarsitter Joseph Blatter.

Ek sjen:

  1. Oranje wint noch krekt fan Kameroen
  2. Nederlân-Japan: 1-0
  3. WK wurdt spile mei feestbal
  4. Barcelona Spaansk kampioen
  5. Hearrenfean ferliest fan Mallorca

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic