WK wurdt spile mei feestbal

sneon 12 juny

jabulaniJEHANNESBURCH – It wrâldkampioenskip fuotbaljen yn Súd-Afrika wurdt net mei samar in bal spile. De ballen binne makke troch wittenskipper Andy Harland, dy’t der fjouwer jier oan wurke hat. Neffens Harland hienen tradisjonele fuotballen nammentlik as neidiel dat se ûnfoarspel reagearren as se in traap krigen. De nije bal hat gjin stiksels en in folslein glêde bûtenkant. Harland hat de ballen Jabulani-ballen neamd. ‘Jabulani’ betsjut ‘feest’ yn de Soeloetaal.

Net alle fuotballers binne it dermei iens dat Harland de perfekte fuotbal makke hat. De Ingelske doelman David James neamde de Jabulani “ôfgryslik” en syn Spaanske kollega Iker Casillas ferlike him mei in strânbal. Rafael van der Vaart wie der al net wiis mei: “Het is echt niet normaal hoe die bal zwabbert. Daar kan je echt niet aan wennen.”

Foar it ûntwikkeljen fan de Jabulani hat Harland robots tsjin ballen skoppe litten om te sjen hoe’t se reagearren. Alles wat de foarspelberens fan de balbeweging fermindere hat er doe fuorthelle.

Ek sjen:

  1. WK 2010 begjint mei lykspul
  2. Oranje wint noch krekt fan Kameroen
  3. Oranje mei balskoppe yn fearnsfinale
  4. WK: Nederlân ferslacht Brazilië
  5. Nederlân-Japan: 1-0

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic