Wolfeart makket dom

woansdei 9 juny 2010

bril_fan_PearleADELAIDE – Wolfeart makket dom. Dat docht bliken út ûndersyk fan Bradley Smith fan de University of South Australia. Smith hat de yntelliginsje fan húshûnen ferlike mei dy fan dingo’s. Dat is de ferwyldere neiteam fan Australyske húshûnen dy’t yn it ferline dakleas wurden binne. De dingo’s blykten folle tûker te wêzen as húshûnen. Soartgelikense proeven mei wolven litte sjen dat dy ek folle yntelliginter binne as hûnen. Neffens Smith hawwe minsken yntelliginsje derút fokt by hûnen trochdat dy altyd wol te iten hienen.

Yn de natoer oerlibbet in hûn net lang as er te dom is om om in obstakel hinne te rinnen. Húshûnen bleaunen yn Smith syn ûndersyk stean te blaffen foar in rút dêr’t wat lekkers efter lei, wylst dingo’s útsykje oft se der ek omhinne rinne kinne. Yn it ûndersyk moasten se dêrfoar troch in lyts doalhofke. De húshûnen begriepen dêr neat fan, de dingo’s fûnen yn in omsjoch it juste paad. Dakleaze húshûnen oerlibje dan ek meastal net sa lang yn de natoer.

Húshûnen binne wol folle sosjaler as dingo’s en wolven. Se nimme maklik minsklik gedrach oer en witte minsken faak hiel goed oer te heljen om dingen foar har te dwaan, lykas iten helje.

In ferslach fan it ûndersyk ferskynt meikoarten yn it tydskrift Animal Behaviour.

Ek sjen:

  1. Hûn ûntstien yn Midden-Easten Hûnen en wolven ha deselde foarfaars en dy sille it...
  2. Diskriminaasje makket siik LEIPZIG – Minsken dy’t it gefoel hawwe dat se “der...
  3. Meartaligens makket tûker SJARDZJA – Meartaligen binne tûker yn it oplossen fan problemen...
  4. Drank makket kreätiver CHICAGO – Nij ûndersyk docht útwizing dat drank minsken kreätiver...
  5. Nivellearring makket sûn ANTWERPEN – Wat lytser oft de wolfeartsferskillen binne, wat sûner...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic