Yn 2050 tweintich persint stroom fan de sinne

tiisdei 1 juny 2010

images IEA

Fotofoltayske sinnepanielen (PV) en sinnetermyske krêftsintrales (concentrated solar power, CSP) sille nei ferwachting yn it jier 2050 tweintich oant fiifentweintich persint fan de wrâld elektrisiteitsfoarsjenning foar har rekken nimme. Dat docht bliken út twa nije analyzes fan it Ynternasjonaal Enerzjy Buro (IEA). De beide techniken wurkje dêrby op in komplemintêre wize: PV sil yn de measte gefallen – oan it net keppele – wrâldwiid tapasber wêze. CSP-sintrales sille stroom opwekje op lokaasjes mei in protte direkt sinneljocht. Yn totaal sille PV en CSP om 2050 hinne tegearre 9.000 terawatt-oere elektrisiteit generearje, sa wurdt troch de IEA besifere.

Ek sjen:

  1. Stroom winne op it balkon
  2. Eltsenien oan ‘e sinne-enerzjy
  3. Fryske wyn en sinne – of Russysk gas?
  4. Dútslân slút kearnsintrales
  5. Google seis persint fan Ynternet

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic