Yndianen net âldste Amerikanen
tongersdei 17 juny 2010TÜBINGEN – De hjoeddeiske yndianen binne net de oarspronklike bewenners fan Amearika. Dat skriuwt in groep wittenskippers yn it tydskrift PLos ONE. De wittenskippers hawwe âlde bonkerakken dy’t yn Amearika fûn binne ferlike mei dy fan yndianen. De ferskillen binne sa grut dat it ûnmooglik is dat de bonkerakken fan foarâlden fan de hjoeddeiske yndiaanske befolking binne.
Undersykster Katerina Harvati fan de universiteit fan Tübinen seit dat de kolonisaasje fan Amearika minder ienfâldich is as oant no ta tocht waard. Nei alle gedachten binne de foarfaars fan de hjoeddeiske yndianen yn in twadde migraasjeweach út Azië wei oerstutsen nei Amearika. Der wennen doe al minsken.
Klik hjir om it ûndersyksferslach te lêzen.
Ek sjen:









