Ynformaasje mislearre
woansdei 23 juny 2010
DE HAACH – It is ynformateur Uri Rosenthal (sjoch foto) net slagge om partijen te finen dy’t mei-inoar in mearderheidskoälysje foarmje wolle. De kombinaasje VVD-PVV-CDA wie earst mislearre. Juster waard buorkundich dat in pearse koälysje mei VVD-PvdA-D66-GrienLinks ek net in opsje wie. De VVD seach mei dy kombinaasje te min mooglikheden om it eigen partijprogramma út te fieren. PvdA-lieder hat doe fuort te witten dien dat de koälysje VVD-PvdA-CDA, dy’t by de VVD de pree hat, om him net in opsje is.
Hjoed praat Rosenthal noch mei de foaropmannen fan VVD, PvdA en CDA. It is net bekend oft er syn taak dan oanhâldt en noch oare koälysjes ûndersykje sil, of dat keninginne Beatrix in nije ynformateur yn syn plak beneamt.
Ek sjen:









André van der Meer
23 juny 2010 11:10
Dan wurdt it no tiid om te sjen nei in mear linkse koalysje: PVDA, CDA, SP, GL en as it moat D66.
Loffiis
23 juny 2010 20:27
Dat liket my wol wat, mar wat D66 derby moat is my net dúdlik. CU leit mear foar de hân, as loftse partij. Spitigernôch ha wy der neat oer te sizzen. Wy moatte it mar ôfwachtsje. Eins mâl, rjochtsom as Loftsom, it kin allebeide en is dochs in wrâld fan ferskil. Mar miskien liket dat mar sa. Litte wy it hoopje, sjoch rjochts wier net sitte
A-Team
23 juny 2010 21:42
@Loffiis: wat neamsto links? Tradisjoneel binne de konfesjonele partijen rjochts en de net-konfesjonelen rjochts. Hjoed de dei wurde dy termen mear ferbûn mei progressyf en behâldend, mar sawol D66 as de CU binne net sa maklik mei ien fan dy termen te labeljen. D66 is in tige progressive partij, wylst de CU in ortodoks kristlike partij is. Trochdat er wol in sosjaal gesicht hat, slút er yn ‘e praktyk gauris oan by de linkse partijen, mar de CU is dochs net in partij dy’t opkomt foar de wil fan it folk of foar politike fernijing. Dat is D66 folle mear.
loffiis
24 juny 2010 11:38
@A-Team
Hjir in dúdlik skema fan it politike spektrum:
http://nl.wikipedia.org/wiki/Bestand:Pol-landschap-2010.gif
De CU past wat it ekonomyske part oanbelanget krekt by de neamde partijen wylst D66 der just heaks op stjit. Se ha yn in soksoartige koalysje dan ek neat te sykjen.
Dat der op it mêd fan oare saken ek noch fan alles spilet docht der neat oan ôf. Dat is ek in saak fan op inoar ôfstimme. Mar hat net just de CU sjen litten dat se dat kinne?
De grutste opkear yn neamde koalysje is it CDA. Binne hja by steat harren loftse side (genôch) oan te sprekken?
Mar goed. It is foarearst noch fier fuort