Prehistoaryske bioskoop

tongersdei 1 july

rotstekeningWENEN – Us prehistoaryske foarfaars gongen al nei de bioskoop. Dat sizze Eastenrykske en Britske wittenskippers. Se hawwe ûndersyk dien nei in grut tal ôfbyldingen yn hoalen rûnom yn Europa.

“Wy hawwe tekeningen fûn dêr’t wy fan tinke dat it net samar plaatsjes binne. Wy tinke dat se diel útmeitsje fan in audiofisuele foarstelling,” seit Frederick Baker fan de universiteit fan Cambridge. “De bylden koenen noch net bewege, mar se steane efterinoar as stripferhalen. Dit wie net allinnich in skouspul foar de eagen, mar ek foar de earen, want de tekeningen wurde benammen fûn yn de wanden fan hoalen mei opfallende echo’s. De plaatsjes wienen net samar stilsteande bylden, mar se rôpen by de sjogger in ferhaal op, krekt lykas yn de bioskoop.”

De prehistoaryske bioskopen binne makke yn de perioade tusken 4000 en 1000 jier foar Kristus en geane faak oer fjochterijen, dûnsjen of jachtpartijen. Opfallend is dat der nea minsken yn deageane en dat der net folle froulju yn meispylje.

De ûndersikers wolle yn Noard-Italië, dêr’t in opfallend soad rotstekeningen foarkomme, de tekeningen ien foar ien opnimme en der in echte – bewegende – film fan meitsje.

Ek sjen:

  1. Pakistan slút Facebook ôf
  2. Minske-offers yn grêftombe

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic