Afrikaansk net allinnich bryk
snein 4 july 2010
Spoedbult. Broeikasbaby. Soebatry. Allegear wurden út it Afrikaansk, de taal dy’t sa liket op it Nederlânsk en ús dôchs bytiden sa frjemd yn de earen klinkt. Op it WK wurdt ús nochris de taal fan ús fiere neven yn it sin brocht. De Leienske leksikolooch Piet van Sterkenburg komt al sa lang yn Súd-Afrika dat hy mei de foarbylden in boek folje koe: ‘Moenie Mounie – Súd-Afrikaansk mei in glimke’. “Minsken sjogge it faak as in wat bryk taaltsje. Ik wol sjen litte datst in soad wille hawwe kinst oan de direkte manier sa’t it Afrikaansk begripen formulearret.”
Neffens Van Sterkenburg is it ûntstean fan it Afrikaansk mei werom te fieren op it tekoart oan froulju yn de Kaapkoloanje. “Dat skip fan Jan van Riebeeck, dat yn 1652 yn Kaapstad oan lân kaam, dat hie tsien, tolve froulju oan board, dus watst dan gau sjochst is dat dy Nederlanners har begjinne te fermingen mei de ynlânske froulju.” Omdat de taal yn de rin fan de ieuwen ek bleatsteld waard oan it Ingelsk, Maleisk en Portugeesk, feroare der hieltiten mear. “De útspraak fan de wurden feroaret. In ‘i’ wurdt in ‘e’, de bûging fan tiidwurden ferdwynt.” “Wat singelier is, is dat se in hiele protte âlde Flaamske wurden kenne dy’t yn Flaamske dialekten noch besteane, mar dy’t al lang út de standerttaal ferdwûn binne. Dit is taalskiednis.”
Wa’t it oer Afrikaansk hat, sil ek altiten útkomme op dat wreedst ferneamde wurd út de taal: apartheid. Van Sterkenburg hat sels in folslein haadstik yn it boek opnomd oer polityk ynkorrekt taalgebrûk. Baster as skelnamme foar immen mei mingd bloed. Jong as oansprekfoarm foar in kleurling. Soutpyl as omskriuwing foar de Britske Súd-Afrikaners, omdat se mei ien skonk yn Ingelân en de oare yn Afrika stean soenen ( en harren pyl dus yn de sâlte oseaan hong).
De ein fan de apartheid betsjutte ek it begjin fan de ein foar it Afrikaansk. “Doe’t ik de earste kear nei Súd-Afrika ta gie, ein jierren 80, hiest televyzjeprogramma’s, radio, allegear yn it Afrikaansk. Mar sûnttiid hat Mandela alle alve talen konstitúsjoneel erkend.” “Watst sjochst is dat ien fan dy alve de lingua franca wurdt en dat is Ingelsk.”"Sels oan universiteiten lykas dy fan Potchefstroom of Stellenbosch,dêr’t it Afrikaansk altyd ynstruksjetaal west hat, sjochst it Ingelsk folle mear opkommen. Der hoecht mar ien studint yn in kolleezje te sizzen, dat er it Afrikaansk net ferstiet en de dosint is ferplichte oer te gean op it Ingelsk.”
Ek sjen:
- Afrikaansk opfretten? It Afrikaansk stiet op it punt om opfretten te wurden...
- Konferinsje foar Afrikaansk De Nederlands Zuid-Afrikaanse Vereniging organisearret op freed 28 maaie 2010...
- Feest fersterket bining tusken Afrikaansk en Nederlânsk It festival foar it Afrikaansk, dat okkerdeis yn Amsterdam plakfûn...
- Breivik wurke allinnich OSLO – De Noarske plysje giet derfan út dat Anders...
- Sûnenssoarch: bryk Frysk? Fryske wurden op -ens kin men net langer meitsje. Dus...








