Bassie donderet út de loft

tiisdei 20 july 2010

bassie ballonDe klown Bassie, Bas van Toor, snapt alle trelit net. It waar wie wynstil. Dêrom goaide de ballonpiloat Herman Kleinsmit in tou út de koer wei. Ornaris lûke fjouwer minsken de ballon dan rêstich del en is der neat te rêden. Mar dizze kear siet klown Bassie yn de ballon. In stik of fjirtich bern rûnen ûnder de ballon mei. Doe’t it tou út de koer kaam wie de ballon gau op ‘e grûn. De bern begûnen der massaal oan te hingjen. It delgean gie sa hurd dat in ferstanlik beheind bern dêrby ferwûne rekke. Neffens Bassie hie it bern mar better harkje moatten. Hy gie net troch de knibbels. Dat der dan ûngelokken barre, is syn eigen skuld.

Dat Van Toor daliks út de koer sprong en hantekeningen útdielde, fynt er net nuver. Dêrtroch rekken de minsken net yn panyk en bleauwen se moai stean.

Ek sjen:

  1. Fryske Ballonfeesten op De Jouwer in súkses In perfekte feart hat derfoar soarge dat de twadde dei...
  2. De loft is swart fan de guozzen Rûnom yn Fryslân ha de guozzen wer besit nommen fan...
  3. André Kuipers sil de loft yn BAIKONOER – André Kuipers is ûnderweis nei syn raket dy’t...
  4. Grut tal besikers Fryske Ballonfeesten op De Jouwer Fiifentweintichtûzen beteljende besikers hawwe de ôfrûne fiif dagen op de nutsbaan...
  5. Dnews.de út de loft helle De nijsside www.dnews.de is út de loft wei helle. De...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic