Amerikaanske blasfemywet opheft
moandei 5 july 2010
WASHINGTON – Filmprodusint George Kalman (foto) mei syn bedriuw I choose Hell Productions neame. Dat hat in Amerikaanske rjochter ôfrûne wike besletten. Kalman woe syn bedriuw yn 2007 ynskriuwe by de Keamer fan Keaphannel yn Downingtown yn de steat Pennsylvania. Dêr krige er te hearren dat er in oare namme foar syn bedriuw betinke mocht. Neffens de wet fan Pennsylvania mochten in stikmannich wurden net yn bedriuwsnammen foarkomme, mei’t se godslasterlik wienen. It giet ûnder oaren om hell, Christ, damn, God en Jesus.
Kalman hat syn bedriuw doe earst mar ynskriuwe litten as ICH Productions, mar brocht de saak wol foar de rjochter. Dy joech him gelyk en hat de blasfemywet fan Pennsylvania ûnjildich ferklearre.
De oerheid fan Pennsylvania hie de list mei ferbeane wurden ûnderwilens skrast, mar de steat hat wol in algemien ferbod op godslasterlike bedriuwsnammen hanthavene. Dat mei ek net, hat de rjochter útmakke. Troch de wet soenen ateïsten net de mooglikheid hawwe om har miening te uterjen. Neffens de rjochter jildt de frijheid fan mieningsutering foar elkenien, net allinnich foar kristenen.
De wet op ‘e bedriuwsnammen stammet út 1977. Hy is doe oannommen om’t politisy argewaasje hienen fan de namme fan in wapenhannel yn de stêd McKeesport. Dy hie syn winkel The God Damn Gun Shop (de godferdomde wapenwinkel) neamd.
Ek sjen:
- Dochs gjin Amerikaanske antysmookstikkers WASHINGTON – Foto’s fan slim sike minsken, swarte longen en...
- Britsk protest tsjin blasfemywet “Always look on the bright side of life!” Dat songen...
- Wer moard op Amerikaanske skoalle Yn de Feriene Steaten hat hjoed fannijs sjitterij op in...
- Ahold nimt Amerikaanske winkels oer Supermerkûndernimming Ahold hat 25 winkels opkocht fan it Amerikaanske Ukrop’s...
- De stêd mei de kul net beskermje SAN FRANCISCO – In Amerikaanske rjochter hat ferline wike ferbean...








