Boppeslach foar Ljouwerter band

moandei 5 july 2010

DailyBreadLJOUWERT – Ljouwert makket syn namme wier as muzykstêd. De band Daily Bread út de Fryske haadstêd hat in kontrakt tekene mei it grutte Amerikaanske boekingskantoar The Agency Group, dat ek Joe Jackson, Amy McDonald en rapper 50Cent ûnder kontrakt hat. Manager Andries van Wieren neamt it in geweldige stap foar de trijekoppige band.

Daily Bread bestiet út Kim van der Velden, Stefan Stoer en Chris Mulder. Hja hawwe yn Ljouwert in muzykoplieding folge, nammentlik de popakademy of de oplieding ‘Pop en media’ fan it Fryslân Kolleezje. De band hat yn 2008 de Kleine Prijs fan Fryslân wûn en wie yn 2009 de haadband op it Befrijdingsfestival yn Ljouwert. Hy hat ek al op ferskate bûtenlânske poadiums stien, lykas yn Spanje en Noarwegen. De muzyk fan Daily Bread is neffens it Frysk Deiblêd te omskriuwen as in mjuks fan ferskillende stilen, lykas rock & roll, dance en garaazjemuzyk.

It doel fan The Agency Group is om it album Well, you’re not invited yn jannewaris yn Amearika mei nije nûmers út te bringen. Yn maart soe de band dan foar in earste Amerikaansk optreden fersoargje op de muzykbeurs SXSW yn de Teksaanske haadstêd Austin.

Ek sjen:

  1. Ferneamde band hâldt op
  2. Asturyske band Xera nei Liet
  3. Ungewoane Eastfryske band wint Plattsounds
  4. Kostúmparade yn Ljouwerter binnenstêd
  5. Restauraasje Ljouwerter begraafplak

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic