BP: oaljelek ticht

freed 16 july 2010

capping_stack_deploys2_375It deltakeljen fan ‘e nije kapekonstruksje op 11 july

 

 

It oaljelek yn ‘e Golf fan Meksiko is ticht. Alteast dat hâldt BP út. De oaljemaatskippij is dwaande mei it testen fan in nije kapekonstruksje oer it oaljelek en de dêrby belutsen saakkundigen wolle ha dat soks aardich slagget. Justerjûn binne kleppen yn dy kape hoedsum ticht skood en dêrmei waard foar it earst sûnt 20 april bewurkmastere dat der gjin oalje mear yn ‘e see bedarret. Alle oalje en gas dy’t út it boargat wâlet kin no opheind wurde, safolle mooglik ôffierd yn tankers en foar in part ôffakkele. Op it heden is de oaljestream sels hielendal opkeard, mar dat is in foarriedige situaasje. Út de test moat benammen bliken dwaan oft de druk yn it systeem net tefolle tanimt en de konstruksje hoekhâldt. As it min beteart, ûntstiet der wer earne in gat dêr’t de oalje troch hinne snjit, de oseaan yn.

Sjoch foar de eardere histoarje fan dizze oaljeramp It Nijs fan 30 april, 15 maaie  en 13 juny.

Beach cleaning

 

It strânhimmeljen sil noch lang trochgean, mar faaks is it tenei net mear in kwestje fan dweiljen mei de kraan iepen.

 

Ek sjen:

  1. Grut oaljelek yn Reade See
  2. Lek bliuwt ticht en Golf smoarch
  3. Oaljelek by Amsterdam
  4. Oaljelek rint út op ramp
  5. Oaljeramp yn Kanada

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic