Breton fytst Europeeske minderheden bylâns
moandei 5 july 2010Emmanuel le Merlus (39) út Bretanje fiert aksje om taalferskaat te promoaten. Hy fytst alle Europeeske minderheidstaalgebieten bylâns om ynwenners bewust te meitsjen fan harren identiteit. Moandei 5 july en tiisdei 6 july is hy yn Ljouwert.
Le Merlus oer de oanlieding foar syn tocht: “It llinguïstyske ferskaat is yn gefaar. Ik meitsje dizze reis om minsken dêrfan bewust te meitsjen en om solidariteit tusken minderheden te befoarderjen.”
De fytsende Breton is yn maaie fan ‘e miet gien mei syn fytstocht. Syn reis is te folgjen op syn blog: http://europa-tour.over-blog.com. Dêrop is te sjen dat hy de oerstek fan Bretanje nei Wales makke hat en ûnderwyls yn Fryslân oankommen is!
Jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK) sil him de sichtbere twatalichheid sjen litte yn ús provinsje. Sa sille de Afûk, de Fryske Akademy en Mercator Kennissintrum in besite brocht wurde troch de fytsende Breton. It FYK hat al 20 jier ûnderfining mei útwiksels mei oare minderheidsgebieten yn Europa. Sjoch foar ynformaasje www.fyk.nl.
Ek sjen:
- Konferinsje Europeeske kieslisten Op freed 11 desimber sil de FNP yn gearwurking mei...
- Europeeske fragen oer Tryater BRUSSEL – De FNP hat syn fertsjintwurdigers fan de EVA,...
- Europeada: fuotbaljende minderheden BAUTZEN – De twadde Europeada, de fuotbalkompetysje foar sprekkers fan...
- Minderheden tsjin grinskontrôle BRÄIST – De minderheden yn it Dútsk-Deenske grinsgebiet protestearje tsjin...
- Europeeske taledei yn Ljouwert LJOUWERT – It Tsjetsjeenske wurd belgy betsjut “mei it hiele...








