De Antillen ferdwine yn oktober

woansdei 7 july 2010

Curacao_WillemstadDE HAACH – It keninkryk fan ‘e Nederlannen wurdt op 10 oktober hiel oars yndield. De Nederlânske Antillen ferdwine dan as ôfhinklik lân. Dêr hat de Earste Keamer hjoed foar stimd. De Twadde Keamer hie dat earder al dien.

Aruba is sûnt 1986 al in ôfhinklik lân yn it keninkryk. Curaçao en Sint Maarten krije dyselde status. Mei Nederlân derby bestiet it keninkryk tenei dus út fjouwer lannen. Aruba, Curaçao en Sint Maarten wurde tenei bestjoerd troch in gûverneur.

Aruba hat yn de jierren ’80 in pear kear it fersyk dien om syn ôfhinklike status te ferliezen en in ûnôfhinklik lân te wurden. Yn 1994 hat it Arubaanske regear lykwols te witten dien dat dy winsk net mear bestie en Aruba de ôfhinklikheidsrelaasje mei Nederlân behâlde woe.

Bonaire, Sint Eustatius en Saba wurde yntegraal ûnderdiel fan Nederlân. Se krije de status fan in gemeente, mar meitsje gjin diel út fan in provinsje. De ynwenners fan dy eilannen krije ek de Nederlânske nasjonaliteit. It Nederlânske rjocht wurdt net yn ien kear ynfierd yn de nije gemeenten, guon Arubaanske wetten bliuwe noch in pear jier jildich om de skok foar de bewenners net te grut te meitsjen. Op fersyk fan de eilânbewenners wurdt de euro net ynfierd op Bonaire, Sint Eustatius en Saba; de eilannen hâlde ynearsten de Antilliaanske gûne en geane stadichoan oer op de Amerikaanske dollar.

De Antillen wurde mei de steatkundige weryndieling frijskat fan de grutte skulden dy’t de eilannen oan Nederlân hienen.

Foar Fryslân kin de weryndieling nijsgjirrich wêze. De Antillen binne fierhinne twatalich: yn it basisûnderwiis en yn it eilânbestjoer fan Bonaire spilet it Papiamintsk (kreolisearre Portugeesk) in grutte rol. Op Saba en Sint Eustatius jildt itselde foar it Ingelsk. As it regear beslút om dy situaasje te hanthavenjen, kinne Fryske gemeenten mooglik deselde rjochten easkje as de gemeenten yn ‘e Karibyske See.

Ek sjen:

  1. Nederlân is woeksen
  2. Sint Eustatius sit sûnder bestjoer
  3. Unfrede yn Karibysk Nederlân
  4. Papiamintsk yn de grûnwet?
  5. Nederlânsk yn grûnwet

2 reaksjes op “De Antillen ferdwine yn oktober”


  1. mbc84
    8 july 2010 22:42

    en no Fryslân noch as selsstannich lân yn it keninkryk!


  2. Erwin
    17 july 2010 00:21

    Mei mbc84 iens!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic