De Lytse Skeakel Aldegea sertifisearre
sneon 17 july 2010
It sertifikaat ‘Frysktalich pjutteboartersplak’ is útrikt op pjutteboartersplak “De Lytse Skeakel” yn Aldegea (GS). De fisitaasje wie op 16 maart 2010 troch mefrou Riemkje Hoogland-Pitstra. Hja wie fol lof oer de ynset fan ’e liedsters om it taalbelied op dy wize foarm te jaan.
It pjutteboartersplak hat keazen foar it model ‘Frysktalige ynstelling’. Beide liedsters prate konsekwint Frysk tsjin de bern, tsjin elkoar en tsjin de âlden en oare fersoargers. Frou Hoogland-Pitstra neamde it taalklimaat posityf, de bern fiele harren der feilich by, doare te praten, boartsje moai sûnder echte ‘konflikten’ en as dy der al binne, besykje se de bern dy sels oplosse te litten. De liedsters binne fleurich, stimulearje de bern en jouwe kompliminten.
Sjoeke Kampen fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) rikte it sertifikaat út oan liedster Rozina van de Lagemaat en fêste frijwillichster Lyske Mulder. Dat barde op in feestlike moarn ta ôfsluting fan it skoaljier. Sa wie der kofje mei gebak foar de heiten, memmen en pakes en beppes en krigen de bern ek in traktaasje. It aldermoaiste foar de bern wie it springkessen dat foar har klear stie!
De Lytse Skeakel falt ûnder Stichting Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat. De Stichting hat as doelstelling foar alle bern yn ‘e gemeente fan 2 oant 4 jier optimale ûntwikkelingskânsen te kreëarjen en biedt de bern mearsidige en passende boartersmooglikheden. Dêrnjonken wurdt der in protte omtinken skonken oan de taalûntwikkeling fan jonge bern.
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de pjutteplakken om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat ek de ûntwikkeling fan it Hollânsk te’n goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn kontakt mei de twadde taal.
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al ynfierd hat, nimt flink ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 90 no.
Ek sjen:
- Poaskepôle Easterein sertifisearre Pjutteboartersplak De Poaskepôle oan it Heechhiem 11 yn Easterein offisjeel...
- De Krobbekoer Bitgummole sertifisearre Tiisdei 16 maart is as earste yn de gemeente Menaldumadeel...
- Ons Tweede Thuis Frjentsjer sertifisearre Maaie lêstlyn hat de fisitaasjekommisje fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO)...
- Bernestate en Sinnebern wer sertifisearre Op 16 april krije twa bernesintra fan Catalpa yn Ljouwert,...
- Lyts Underdak sertifisearre Tongersdei 9 septimber is pjutteboartersplak Lyts Underdak yn Ferwert sertifisearre...









Erwin
19 july 2010 15:01
90 fan de hoefolle pjutteboartersplakken?
pizzabakker
19 july 2010 15:33
As ik de berjochten sa sjoch, komme der hieltyd mear nije Fryske pjutteboartersplakken by. Dochs goed dat it allegear kin tsjintwurdich!
sytske
26 septimber 2010 20:58
Fan de 300 (pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen) sa likernôch, Erwin.