Dea ergerje oan taal?

freed 16 july

De manier wêrop’t de Nederlânske taal brûkt wurdt en útsprutsen, jout mannichien argewaasje. Dat konstatearje de inisjatyfnimmers fan it Meldpunt Taal , dat in moanne lyn online gien is.

Sûnt de start binne der al tûzenen meldingen binnenkomd fan opfallend taalgebrûk yn Nederlân en Flaanderen. Taalynstituten as it Genootschap Onze Taal, de Nederlandse Taalunie en it Meertens Instituut hawwe de site yn it libben roppen om de help fan eltsenien, dy’t Nederlânsk praat, te freegjen.

„Taal feroaret elke dei wol in bytsje. It is krekt as it waar; wy komme as ûndersikers eagen en earen tekoart om alle feroarings yn de gaten te hâlden”, seit bysûnder heechlearaar fonologysk mikrofariaasje Marc van Oostendorp fan de Universiteit Leien. It meldpunt is net allinnich bedoeld foar taalergernissen, mar ek foar it fêstlizzen fan nije wurden, wurden dy’t ferdwine of bysûndere útspraken fan it Nederlânsk. Benammen op radio en televyzje komme nochal ris ‘selsoptochte’ wurden bylâns, sa blykt út de meldingen. Yn de ôfrûne wike hearden tv-sjoggers waarmannen praten oer ‘plaknachten’, wylst op de radio sprake wie fan pedofilesirkels, in groep minsken dy’t har om in feroardiele pedofyl bekommeret by syn weromkommen yn de maatskippij. Ek it wurd ‘nachecken’ is heard, in gearfoeging fan neisjen en checke.

In soad melden de útspraak fan in boskwachter, dy’t it op de radio oer ‘autochtoane natoer’ hie. De opmars fan Ingelske wurden yn it Nederlânsk komt op de site in soad foar. Opfallend is dêrby de melding fan in learares, dy’t seit dat har havo/vwo-learlingen it wurd ‘details’ op syn Ingelsk begjinne út te sprekken. „En in leararesse Frânsk konstatearret dat har learlingen it ferskil tusken ‘sil’ en ‘soe’ net mear kenne. Dat is eat dat wy as taalwittenskippers net earder heard hiene. “As der mear meldingen komme, is dizze saak eat om fierder út te sykjen”, seit Van Oostendorp.

Ek sjen:

  1. Bern leare faker in frjemde taal
  2. Taal is in feilichheidsrisiko
  3. Twadde taal kin net útset wurde
  4. Meldpunt Nederlânske Taal 15 juny online
  5. Digitale wurdlist Nederlânske taal

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic