DER BINNE GRINZEN OAN ‘E DEA
sneon 10 july 2010Yn it Ferbân fan Fryske Foargongers treffe dûmny’s, tsjerklik wurkers en oare gemeenteleden inoar, dy’t foargean meie yn Frysktalige tsjinsten of yn it Frysk in tsjerklik ûnderwerp ynliede wolle. It doel fan it FFF is oefenjen yn it brûken fan geef en moai Frysk yn it tsjerklike libben. Foargongers kinne lid wurde en oare minsken gastlid, wylst ek losse gasten meidwaan kinne.
Ús earstfolgjende gearkomste is steld op woansdei 22 septimber 2010, de moarns om 9.30 oere. Ús plak fan gearkommen is de Kuriostsjerke oan de Julianaleane te Ljouwert. Dûmny Johannes Bakker fan Menaam hat foar ús in preek klear. Syn Bibellêzing is Lukas 7:11-17 (kearntekst: Lukas 7:13): in deade jonge man wurdt libben makke, opwekking fan in widdo’s soan yn Naïn. Syn tema is: “Grins oan ‘e dea”. Nei syn preek kinne alle oanwêzigen har fyzje jaan op de ynhâld en it taalgebrûk dêrfan, neidat de earste kritikus de foarset jûn hat; dat is dûmny Paul Hekstra fan Ljouwert.
Nei it skoft is der in leske yn Frysk taalidioom fan ds Piet Meinema fan Balk. Elk mei in stelling ponearje oer de Tsjerke of oer it Frysk, dy’t miskien letter ris útwurke wurde kin. Ek mei elkenien oanjaan, hokker ynbring hy of hja yn de oare gearkomsten jaan wol yn ‘e foarm fan in referaat, in preek of in oare bydrage yn it Frysk.
Elk, dy’t niget oan sa’n besprek hat, is wolkom. In Lieteboek foar de Tsjerken meinimme.
Neiere ynformaasje is te krijen by ds. E. Jongstra fan Blije;
till. 0519-562732; epost: e.jongstra1@chello.nl
Ek sjen:
- Wa’t net tsjin ús is, is It Ferbân fan Fryske Foargongers is in trefpunt foar dûmnys,...
- Joadske Lieders yn Nije Testamint It Ferbân fan Fryske Foargongers is in unyk trefpunt foar...
- Kristus, kening fan it hielal It Ferbân fan Fryske Foargongers is in trefpunt foar dûmnys,...
- As Peaske en Pinkster gearfalle It Ferbân fan Fryske Foargongers is in trefpunt foar dûmny’s,...
- Iepen grinzen foar de plysje KLEEF – De plysjekorpsen yn Nederlân en Dútslân sille mear...








