Doutzen Kroes sil trouwe

freed 16 july 2010

Doutzen KroesDer brekke moaie tiden oan foar topmodel Doutzen Kroes: net allinnich wurdt se meikoarten mem, ek stapt se fluch yn it houliksboatsje.

Sunnery gie jannewaris foar har op de knibbels, se sille noch dit jier boaskje. Doutzen fertelt oan de New York Post: “We sille echt in húshâldinkje foarmje. Dit binne spannende tiden foar ús.”

It supermodel makket har gjin soargen oer har fierdere karriêre as model en mem. “Myn Victoria Secret-kollega’s Adriana Lima en Heidi Klum krigen ek bern en dy binne noch altiten de gesichten fan it merk.”

Doutzen makke juster wrâldkundich dat se trije moanne swier is. “Sunnery en ik binne yn de wolken. De earste kritike trije moanne binne goed ferrûn. Ik fiel my goed. Myn freonen en famylje sizze dat ik strielje.”

Ek sjen:

  1. Wa wol yn it jurkje fan Doutzen Kroes?
  2. Doutzen Kroes en DE
  3. Allinne de holle fan Doutzen Kroes
  4. Reinout en Doutzen Kroes (oanfolle)
  5. In krystferske fan Doutzen Kroes

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic