Fongen orka komt goed by

moandei 5 july 2010

orkaHURDERWYK – De orka dy’t op 23 juny op it Waad by Lauwerseach fongen is, giet hurd foarút. It bist wie tige meager en hie nei alle gedachten dagenlang amper iten. Yn in wike tiid is er fjirtich pûn oankommen. Hy ferbliuwt yn it dolfinarium yn Hurderwyk, dêr’t er alle dagen fyftich pûn fisk kriget.

De meiwurkers hawwe de orka de namme Morgan jûn, in Skotske namme mei’t se derfan útgeane dat it bist út de omkriten fan Skotlân komt. Hy moat noch goed trijehûndert pûn oankomme ear’t er wer frijlitten wurdt. Neffens it dolfinarium kin dat noch trije oant seis moannen duorje.

Ek sjen:

  1. Orka Morgan op Tenerife HURDERWYK – De orka dy’t ferline jier juny by Lauwerseach...
  2. Orka fongen by Lauwerseach LAUWERSEACH – Yn de Waadsee by Lauwerseach is woansdeitejûn in...
  3. Orka Morgan mei net nei Tenerife HURDERWYK – De ferhuzing fan orka Morgan nei in dierepark...
  4. Bisteminsken wolle orka frij HURDERWYK – Biste-organisaasjes protestearje tongersdei tsjin de finzenskip fan Morgan....
  5. Rjochter: orka Morgan mei nei Tenerife AMSTERDAM – Orka Morgan dy’t op it Waad fûn is,...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic