Fout hout ferballe út EU
tongersdei 15 july 2010It ymportearjen fan yllegaal kappe hout wurdt aanst ferbean yn ‘e Europeeske Uny, no’t in grutte mearderheid fan it Europeesk Parlemint foar de oanbelangjende wet stimd hat. Fan 2012 ôf moatte bedriuwen bewize kinne dat harren hout legaal kappe is. Op it heden is noch hieltyd in fiifde part fan it yn de EU ymportearre hout yllegaal kappe. Troch ûntboskjen rint it biologysk ferskaat slim tebek en nimt de koaldioksydekonsintraasje yn de atmosfear, en dêrmei it klimaatprobleem, ta. Miljeu-organisaasjes lykas it Wrâld Natuer Fûns (WNF) en Miljeudefinsje binne dêrom optein, mar hawwe lykwols ek krityk. Neffens it WNF is it spitich dat de EU-lannen sels sanksjes fêststelle moatte. Dêrtroch is de kâns grut dat bedriuwen útpike nei lannen dêr’t de boetes it leechst binne. Greenpeace wiist der op dat drukwurk net ûnder de wet falt. Guon Europarlemintsleden ûnderstreekje dy krityk en foegje der oan ta dat yn beskate lannen troch it omkeapjen fan amtners kapfergunnings skielk ek noch wol frij maklik te besetten wêze sille.
Neist de oanslach op ‘e natuer gean troch it ûntboskjen libbenswizen fan oerwâldbewenners ek nei gychem. In Papoeahúshâlding besiket it ferrinnewearjen fan ‘e bosk op te kearen.
Ek sjen:








