Frysk famke nei Feriene Naasjes
tiisdei 6 july 2010
LJOUWERT – Andrea Bos (foto) út Ljouwert is beneamd yn it bestjoer fan de Nasjonale Jeugdried. Se sil de Nederlânske jongerein fertsjintwurdigje by de Feriene Naasjes. Fierders sil se foar de Nasjonale Jeugdried advys jaan oan oerheden oer jeugdbelied.
Andrea Bos is 20 jier en studearret polityk en ynternasjonale betrekkingen yn Utert. Se hopet yn it jier dat se yn de Jeugdried sit ek vmbo’ers en mbo’ers te belûken by de ynternasjonale polityk.
(tekst: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Feriene Naasjes: mear jild foar Samy GENÈVE – Noarwegen, Sweden en Finlân moatte mear jild besteegje...
- Abbas freget erkenning Feriene Naasjes ‘Israel hat de Palestinen no al 63 jier beset, wy...
- Stúdzje Frysk ferdwynt út Grins GRINS – De stúdzje Frysk ferdwynt oan de Ryksuniversiteit yn...
- Ljouwert by fiif kultureelste stêden Ljouwert is op it mêd fan kultureel oanbod de fyfde...
- Nije partij: Feriene Lofts SNITS – De SP-leden dy’t fan ‘e wike út harren...








