Fryslân fierljepkampioen
snein 4 july 2010VLIST – De Friezen hawwe sneon de jierlikse fierljeptwakamp Fryslân-Hollân wûn. De 24 Fryske dielnimmers sprongen yn twa omgongen in totale ôfstân fan 375,34 meter. Dat wie 4,01 meter fierder as it Hollânske 24-tal en makke de Friezen ta de oertsjûgjende winner.
Troch it minne waar duorre it kampioenskip yn it Súd-Hollânske Vlist koarter as oars. De twakamp Fryslân-Hollân bestiet sûnt 1966 en waard oant 2006 hast altyd troch de Friezen wûn, mar de lêste jierren wurde de Hollânske ljeppers better. It fierljeppen wurdt yn Hollân polsstokverspringen neamd.
Ek sjen:








