Fryslân-promoasje op wrâldekspo yn Kanada.
freed 9 july 2010Op in konferinsje dizze wike fan de iepen-boarne-organisaasje Mozilla yn Vancouver is yn gearwurking mei Fryslân Ferbynt en Fryslân Marketing in lytse eksposysje holden oer Fryslân. Omdat Mozilla, bekend fan de browser Firefox, in protte tiid stekt yn it beskikber meitsjen fan har programma’s yn safolle mooglike talen, is der in wrâldekspo organisearre. Op de konferinsje komme minsken fan oer de hiele wrâld dy’t op de ien of oare manier meiwurkje oan de ûntwikkeling. Dat binne bygelyks oersetters, ynternetûntwikkelers, programmeurs, ensfh.
Tusken de 43 lannen of provinsjes op de eksposysje is ek materiaal toand út Fryslân. Yn in ynformele sfear koene mear as 600 dielnimmers yn ‘e kunde komme mei alles wat Fryslân te bieden hat. Fansels wie de flagge oanwêzich en ek in oersicht fan de alvestêderûte. Tafal is dat Fryslân Ferbynt yn 2011 ek in gearkomste organisearje sil yn Vancouver. Ien en oar is opset troch Wim Benes, Frysk oersetter, dy’t ek útnoege is om it wurk dat hy dien hat foar Mozilla.
Der wie in protte belangstelling foar de taal, de kultuer en wat it ferskil wie mei de Nederlânske taal. Ek wie it sa no en dan nedich om út te lizzen wêr’t Fryslân op ‘e wrâld situearre is.
Ek sjen:
- Waarm yn Kanada Wylst Europa suchtet ûnder snie en kjeld, hat Kanada de...
- Frysk e-mailprogramma hast klear Woansdei 25 novimber hat de Mozilla-organisaasje, bekend fan û.o. de...
- ‘Ferniel Fryslân net’ LJOUWERT – Arsjitekt Nynke Rixt Jukema warskôget foar grutte projekten...
- Firefox 3.6 beskikber Tongersdei 21 jannewaris is de nijste ferzje fan de browser...
- JOVD yn Fryslân LJOUWERT – Fryslân krijt in ôfdieling fan de liberale jongereinorganiaasje...









