Gau ferjitte
woansdei 14 july 2010
Nederlân stie op ’e kop: it oranje-alvetal is twadde wurden. Yn it bûtenlân snappe se der neat fan. As je earste wurden binne, dan is der reden foar in feestje, mar twadde? De Dútsers ha der gjin momint oer prakkesearre om har tredde plak te fieren, ek al wie har spul better om oan te sjen as dat fan de Nederlanners. Twadde wurde is gjin skande, mar de wize wêrop wie ek al net om grutsk op te wêzen. Wreed spul mei gemiene oanslaggen op in oar syn lichem, wie it skaaimerk fan it Nederlânske spul. Nigel de Jong wâde in tsjinstanner yn it boarst, Mark van Bommel en Van Persie, dy’t mar net oan de ferwachtings foldwaan koe, diene gemiene oanslaggen op de fuotten fan de Spaansken. Soe der net mear reden wêze om mar gewoan nei hûs ta te gean mei de sturt tusken de poaten? Der wie net sa folle om grutsk op te wêzen, mar sa lang’t der op it heechste nivo roppen wurdt dat Nederlanners grutsk wêze moatte op har lân en de earste man fan it lân nei de tiid fan de VOC werom wol en oaren fine dat wy “trots op Nederland” wêze moatte, dan sil der wol neat fan selsrefleksje komme. Soe ik ek in oar kenteken krije kinne as ik yn it bûtenlân bin? Ik wurd net graach útlake om de gekkens yn dit lân. Ik soe sizze: gau ferjitte. JvdB
No related posts.









Kees Veenstra
15 july 2010 07:27
Jabik,
Dan ek mar gau sa’n FRL plakker op jo kenteken dwaan, tocht ik sa.