Haadredakteur by Omrop Fryslân
tiisdei 6 july 2010Achte hear Van Friesland,
De Ried fan de Fryske Beweging wol jo fan herten lokwinskje mei jo beneaming yn de funksje fan haadredakteur by Omrop Fryslân.
Ut jo lange steat fan tsjinst by ûnderskate omroppen en jo ferrjochtings as ‘Sjef Ynlânsk Nijs’ by de Nederlandse Omroep Stichting, meitsje wy op dat wy mei in eabel man te krijen hawwe, dy’t troch ûnderfining betûft wurden is yn syn fak. Wy hoopje, dat jo jo bekwamens mei ynmoed ynsette sille foar ‘Ús Omrop’ en de Fryske taal.
Foar dizze nommele taak winskje wy jo in soad ynspiraasje, krêft en – net te ferjitten – nocht en wille ta. In protte súkses!
Mei achtinge en
freonlike groetnisse,
Dr. Jaap van der Bij (foars.)
Ek sjen:









