In soad kowefinkjes yn de dunen
freed 23 july 2010
It kowefinkje komt benammen foar op de hegere sângrûnen. Yn de dunen fan Súd-Kennemerlân is de soart lykwols ek te finen en wurdt er op dit pas yn grutte tallen sjoen.
It swiertepunt fan de fersprieding fan it kowefinkje leit yn de eastlike helte fan Nederlân. By boskrânen, boskpaden lâns en yn wat rûgere gerslannen kin men dêr bytiden tsientallen byelkoar tsjinkomme. Al jierren sit der ek in isolearre populaasje yn de dunen fan Súd-Kennemerlân. De ôfrûne dagen komme der berjochten dat it liket dat it kowefinkje dêr in tige goed jier trochmakket. Op in monitoringrûte yn de râne fan it binnendún, dy’t in kilometer lang en fiif meter breed is, seach Chris van Daalen 75 kowefinkjes. Ut alderhanne oare parten fan it dún komme no ek meldings, sels oant yn de seedunen ta. It kowefinkje heart by de sâneachjes en is goed werkenber. It is in effen brune flinter (oan de boppekant likegoed as oan de ûnderkant), mei in rige fan eachjes mei in giele râne. De twa oare sâneachjes dy’t op dit stuit fleane, it brune en it oranje sâneachje, hawwe beide ek oranje yn harren wjukken.
Ek sjen:
- In soad wetteroerlêst yn Fryslân Troch it hege wetter is de dyk tusken it yndustryterrein...
- Fiif bunder Skylger dunen fuortslein SKYLGE – Der is yn de ôfrûne fjirtjin dagen mei...
- Soad flecht op ‘e fûgelkoai LJOUWERT – In rekôr tal Friezen hat snein meidien oan...
- Soad ytsteurings ûnder manlju Manlju foarmje de helte fan alle minsken mei ytsteurings. In...
- Bart de Wever wit in soad ANTWERPEN – Bart de Wever, partijlieder fan ‘e Flaamsk-nasjonalistyske N-VA,...








