Is Guantanamo Bay noch iepen?

tiisdei 6 july
CandaceGorman

Candace Gorman

WASHINGTON – As se fertelt dat se twa finzenen yn Guantánamo Bay ferdigenet, dan kriget de Amerikaanske abbekate Candace Gorman (56) meast ferwûndere reaksjes. “Guantánamo Bay? Dat hat presidint Obama dochs al lang sletten?” Sels Amerikanen mei in goede oplieding witte faak net dat de finzenis noch bestiet, sa fertelt frou Gorman.

Ien fan de minsken dy’t Candace Gorman ferdigenet, is ûnderwilens frijlitten. Hy waard oerbrocht nei Georgië, ien fan de pear lannen dy’t de finzenen opnimme wolle. Har kliïnt wie in Libiër dy’t tafallich yn Afganistan wie en oppakt waard, om’t er yn in gebou oernachte hie dêr’t ek in terrorist ferbleau. Dat gebou bliek in hotel te wêzen. Hy waard jierren lang sûnder proses fêstholden en úteinlik mei in blyndoek foar, fêstbûn en mei tichtstoppe earen mei in fleantúch oerbrocht nei Georgië, tsien oeren lang. De man wie de hiele reis lang deabenaud, sa seit de abbekate.

Frou Gorman, dy’t in skoft yn Nederlân wenne hat, is net fleurich oer de rjochtspraak yn Amearika. Dy wie altyd earlik, sa fertelt se, mar nei de oanslach op it wrâldhannelssintrum yn 2001 is dat feroare. Se neamt in hege rjochter, dy’t ynkoarten beslute moat oft in fertochte yn Guantánamo Bay frijkomme moat. Dy rjochter hat yn it foar al sein dat er dat leaver net docht, mei’t elke fertochte dy’t er frijsprekt it kongresgebou opblaze kin. Frou Gorman wol dat de rjochter opstapt.

Ek sjen:

  1. Frou Astiany noch net stiennige
  2. De Deugd noch deugdsumer
  3. Generaal wit it net mear sa goed
  4. Ein fan Guantanamo
  5. Kristenen wolle rjochters slite

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic