It Frysktalige Bûsboekje
moandei 26 july 2010It ienige Frysktalige bûsboekje leit wer yn ’e winkels. De edysje 2011 hat as tema ‘duorsumens’ en stiet fol mei nijsgjirrige stikjes en tips. Bygelyks in fraachpetear mei in biologyske boer en ynformaasje oer sparlampen en oer wat de provinsje Fryslân foar mear produksje fan griene enerzjy docht.
De edysje 2011 fan it bûsboekje is de lêste dy’t ûnder ferantwurdlikheid fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) útjûn wurdt. It KFS giet op yn in nije stifting ‘Krúspunt’. De bûsboekjeredaksje, in klup entûsjaste frijwilligers, hat op syk west nei in nije hoeder c.q. útjouwer. De Ried fan de Fryske Beweging is ree fûn om de ferantwurdlikheid oer te nimmen. No’t it lêste KFS bûsboekje der leit, wurdt dizze oergong in feit.
Al 28 jier lang is it Bûsboekje rûnbrocht troch Piet en Anneke Herrema út Sumar. Sy tôgen mei de doazen nei sa’n 80 adressen yn en sels bûten Fryslân. Ja, it Bûsboekje leit û.o. ek yn Grins en Roan (Roden) yn ’e winkels, en der komme geregeld oanfragen út it fiere bûtenlân!
It bûsboekje is yn ’e jierren 70 ûntstien út it idee wei dat it Frysk in folweardige taal is. In bûsboekje is hiel persoanlik, it komt yn ’e rin fan it jier fol te stean mei priveesaken en kontaktgegevens fan freonen. In Frysktalich bûsboekje is noflik en hiel gewoan. Dêrom is de redaksje bliid dat de Ried fan de Fryske Beweging it Bûsboekje op ’e noed nimme wol, sadat it bestean bliuwe kin.
Bûsboekjes binne te krijen yn de Fryske boekhannels of kinne besteld wurde by Anneke Herrema-Joustra, Lânsbuorren 5, 9262 VA Sumar. Till.: 0511-461358 of aherrema@wanadoo.nl
Ek sjen:
- It bûsboekje 2012 leit klear! It bûsboekje 2012 leit foar jim klear! De redaksje fan...
- It Bûsboekje 2012 leit foar jim klear! De redaksje fan it Bûsboekje hat wer wat út ‘e wei...
- Bûsboekje offisjeel ûnder Ried Hjoed 5 novimber hat om 15.00 oere de offisjele oerdracht...
- Bûsboekje yn ’e lift Der binne dit jier 10% mear Fryske Bûsboekjes ferkocht as...
- Wa hie it bêste Frysktalige reklameboadskip foar radio en televyzje? Op de Bedriuwekontaktdagen 2012 yn Ljouwert wurde de jierlikse Fryske...









Tweets die vermelden It Frysktalige Bûsboekje | It Nijs -- Topsy.com
26 july 2010 11:35
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging, Tytsjerksteradiel. Tytsjerksteradiel heeft gezegd: It Nijs: It Frysktalige Bûsboekje http://bit.ly/9yHCjx [...]
Erwin
26 july 2010 12:04
Prachtich nijs!