It is nea te let – ientaligens is te genêzen

freed 23 july 2010

summer_promo_tour1Under dizze gjalp reizget in groep jongelju troch Europa om minsken derfan te oertsjûgjen dat meartaligens by it libben yn Europa heart. Wa’t mar ien taal behearsket, heart by de groep beheinden en kin net mear meidwaan yn de wrâld fan moarn. De jongelju rjochtsje har benammen op de minderheidstaalgebieten dêr’t guon noch miene dat se har memmetaal mar sa gau mooglik ferjitte moatte as se fierder komme wolle op de maatskiplike ljedder.

Dit jongfolk fertsjintwurdiget de JEV (de  jongereinorganisaasje fan de FUEN). Se ha jild fan Europa krigen foar it projekt RLM2future. De tocht troch Europa is in ûnderdiel fan it projekt. In belangrike lûker fan it projekt is Hester Knol út Ljouwert. It is dan ek net tafallich dat de tocht yn Fryslân begjint. Yn 17 dagen wurdt 4000 km ôflein. Dêr’t se komme, geane se yn petear mei de minsken, diele ynformaasje út en fertelle oer de situaasje op oare plakken. Plakken dêr’t se bylâns geane, binne û.o. Pécs, Trieste/Trst, Südtirol, Bolzano/Bozen, Graubünden, Straßburg.

Mear hjiroer is te lêzen op:  Read more about this

toer

Ek sjen:

  1. Genêzen fan AIDS troch stamsellen SAN FRANCISCO – Foar it earst yn de skiednis is...
  2. Omrop helpt provinsje LJOUWERT – Omrop Fryslân docht mei oan de aksje om...
  3. FA organisearret Europeesk ekspert seminar LJOUWERT – Yn it lêst fan dit jier komt der...
  4. 800.000 euro foar earmoed De provinsje Fryslân jout 800.000 euro oan projekten tsjin earmoedbestriding....
  5. Fryske Akademy nei Europeesk Parlemint mei resultaten taalprojekt MELT Wat binne de resultaten fan it MELT-projekt oer it learen...

1 reaksje op “It is nea te let – ientaligens is te genêzen”


  1. Erwin
    30 july 2010 21:02

    Lekker eintsje ride! Mar ja, foar de goede saak is ‘t net?

Realisaasje: Pronamic