It Skarrelspultsje Wommels sertifisearre

sneon 10 july 2010

Tongersdei 8 july is It Skarrelspultsje yn Wommels sertifisearre as twatalich pjutteboartersplak. Dat is feestlik fierd. Alle pjutten fan It Skarrelspultsje wiene útnoege om te genietsjen fan in sirkusfoarstelling organisearre troch it Sintrum foar Keunsten en Ritmyk. De foarstelling wurdt spile troch Sander Balk. It wie in prachtige ynteraktive foarstelling dêr’t de bern tige entûsjast oan meidiene.

De hear Sander Balk hat yn syn rol as klown it pjutteboartersplak lokwinske en it sertifikaat oerlange oan pjutteliedster Pytsje Bosma. Moaie wurden wiene der fierders fan mefrou Margriet Bekius fan Welzijn Middelsee en fan begeliedster Jitske Krol fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). Sy sprieken beide har wurdearring út foar de o sa belutsen en tige betûfte liedster Pytsje Bosma.

Pjutteplak It Skarrelspultsje, dat sûnt 2007 ûnder Stichting Welzijn Middelsee falt, is fjouwer deidielen wyks iepen: op moandei-, tiisdei-, tongersdei- en freedtemoarns. It keazen taalbelied wurdt goed en profesjoneel útfierd troch de liedster. De fisitaasjekommisje hat in folslein posityf fisitaasjeferslach skreaun. De konklúzje wie dat pjutteboartersplak It Skarrelspultsje mei flage en wimpels it tredde en lêste nivo behelle hat en dat de liedster mei grutte ynset har wurk docht.

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de Stifting Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt by de pjutteplakken del om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk te’n goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om de plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al ynfierd hat, nimt hurd ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 90 no.

Stichting Welzijn Middelsee is in wolwêzensynstelling yn Fryslân. De Stichting foarsjocht de gemeente Ljouwerteradiel yn de fraach nei pjutte-, berne-, gastâlder- en bûtenskoalske opfang en âlderen- en jongereinwurk. De Stichting fersoarget ek it pjuttewurk yn de gemeenten It Bilt, Menameradiel en Littenseradiel en foarsjocht yn de fraach nei âlderenwurk yn de gemeente Menameradiel. It Jeugd- en jongereinwurk fan de gemeenten Menameradiel en It Bilt falt ek ûnder de ferantwurdlikens fan de Stichting.

 

Foto2_WommelsFoto1_Wommels

Ek sjen:

  1. De Krobbekoer Bitgummole sertifisearre
  2. Poaskepôle Easterein sertifisearre
  3. Ons Tweede Thuis Frjentsjer sertifisearre
  4. De Lytse Skeakel Aldegea sertifisearre
  5. Lyts Underdak sertifisearre

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic