Jan Blokker is dea

tiisdei 6 july 2010

JanBlokkerAMSTERDAM – Jan Blokker is dea. De bekende sjoernalist, skriuwer en kolumnist is 83 jier wurden.

Blokker begûn syn sjoernalistike karriêre yn 1952 as learling-redakteur by Het Parool en waard úteinlik adjunkt-haadredakteur by de Volkskrant. By dy krante hie er jierrenlang in kollum. Oan dy tiid hat er syn bekendheid te tankjen.

Yn 2006 gie Blokker oer nei nrc.next. Yn datselde jier krige er de Macchiavellipriis foar syn folsleine wurk as kollumnist. De sjuery neamde him de kening fan ‘e kollumnisten. Ta de prizen dy’t Blokker wûn hat, hearre de Gouden Ganzenveer en twa kear in Gouden Kalf. It berneboek ‘Op zoek naar een oom’ waard bekroane as bêste berneboek fan 1961.

Jan Blokker wie in produktyf skriuwer. It senario fan Bert Haanstra syn klassike film Fanfare is fan Blokker syn hân, krekt lykas dat fan ‘Makkers, staakt uw wild geraas’ fan Fons Rademakers. Blokker wie ko-auteur fan skiedkundige boeken lykas ‘Het vooroudergevoel’ en ‘Nederland in twaalf moorden’, boeken dêr’t de Nederlânske identiteit in belangrike rol yn spilet.

Blokker hie in earedoktoraat fan de ryksuniversiteit yn Grins en wie ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau.

Ek sjen:

  1. No fergees boeken downloade! Sjoernalist Ewoud Sanders is fan betinken, dat boeken fergees op ynternet komme...
  2. Boeken Ewoud Sanders online Ewoud Sanders, de bekende taalpublisist, hat in grut part fan...
  3. Yllegale e-boeken Yn septimber 2009 waard it boek ”The lost symbol” fan...
  4. Boekewike set oan ta mear keap De 75-ste edysje fan de Boekewike hat lêzers oanset ta...
  5. Schwob foar ûnûntdutsen boeken Der binne in protte wichtige boeken dy’t wy yn Fryslân...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic