Jol wol by Ajax bliuwe
woansdei 21 july 2010
Hoewol’t de Ingelske kranten dy’t trochstrings goed op ’e hichte binne al dagen mei wissens wisten te melden dat Martin Jol de nije trener fan Fulham wurde soe, hat de Scheveninger de lokrop út Londen (ynearsten) wjerstean kinnen. “Sy hawwe ynteresse, mar ik bliuw yn prinsipe by Ajax”, sei Jol, dy’t allinne noch op grien ljocht fan de RvC wachtet.
Dat de trener de doar net fuortendalik tichtsloech foar de Ingelske leechfleander, sei lykwols hiel wat. It wie Jol slim yn ’e wei dat der gjin eurodûbeltsje ynvestearre wurde koe. Pas as Gregory van der Wiel ferkocht wurde soe oan Bayern München mocht der in spits of rjochtsbûten oanlutsen wurde.
Oplossing
Wylst de parse him juster by de slachboom fan de ArenA sammele, waard yn de kantoaren fan it stadion drok oerlein mei finansjeel direkteur Jeroen Slop, dêr’t algemien direkteur Rik van den Boog op syn fakânsjeadres yn Italië by op ’e hichte hâlden waard.
De úteinlike oplossing wie dat Jol dochs in (goedkeape of transferfrije) spits en rjochtsbûten oanhelje mei. As Van der Wiel, Maarten Stekelenburg of Luis Suarez fuortgiet, sille der ek ferfangers komme. Foar de rjochtsbûtenposysje hat de trener de eks-Ajacieden Daniël de Ridder en Tom de Mul op it each.
De spits soe ek noch foar de foarwedstriden fan de Champions League – nije wike tsjin PAOK Saloniki – presintearre wurde moatte. It ienige wat noch ta in fuortgean fan Jol liede kinne soe, is dat de ried fan kommissarissen ûnder lieding fan Uri Coronel de oplossing torpedearret.
Ek sjen:








