Kij sljocht op Shakespeare

moandei 5 july 2010

kijMAIDSTONE – Fryske kij wurde fleurich fan Shakespeare. Dat hat it Ingelske toanielselskip The Changeling Theatre ûntdutsen. It selskip hat op ferskate plakken yn it greefskip Kent de klucht De fleurige froulju fan Windsor spile. Foar Fryske kij. De kobisten wienen net allinnich tige nijsgjirrich, de molkeproduksje gong ek noch mei fjouwer persint omheech.

Dat lêste woe it toanielselskip teste. De toanielspilers hienen nammentlik it idee dat in klassike klucht wolris like ûntspannend wêze koe as klassike muzyk. Yn 2001 hie út ûndersyk fan de universiteit fan Leicester bliken dien dat Fryske kij ûntspanne by klassike muzyk en der elk in foech flesfol molke deis ekstra fan jouwe. Popmuzyk hie in negative ynfloed: ‘Venus’ fan Bananarama en ‘Tigerfeet’ fan Mud makken dat de kij minder molke joegen.

Ek sjen:

  1. Twinte oan it Frysk Moandei 26 septimber is op de Twintske lokale radio-omrop www.accentfm.nl...
  2. City Proms: Ljouwert klassyk LJOUWERT – It is sa goed as wis dat der...
  3. Opskuor om twatalige molkpakken WENEN – De Niederösterreichische Molkerei hat de ôfrûne dagen in weach...
  4. Blechtrommel yn teater BOCHUM – Der komt in songen toanielferzje fan it ferneamde...
  5. FrieslandCampina wol kij bûtendoar ha AMERSFOART – De suvelkoöperaasje FrieslandCampina wol alle jierren 45 miljoen...

1 reaksje op “Kij sljocht op Shakespeare”


  1. Ee7
    5 july 2010 16:06

    Fan kij soe men dochs ferwachtsje dat se “boe” rôpen.

Realisaasje: Pronamic