Koos Tiemersma skriuwt wer!
snein 18 july 2010
It waard breed oankundige dat Koos Tiemersma ophâlde soe mei skriuwen. Soks makke hy yn it lêst fan 2009 buorkundich op syn Blog en einige mei de wurden – Jonges ik haw myn plicht dien foar it Heitelân, sis mar -.
Mar no sil Tiemersma dochs wer skriuwe. De boeken wurde net op papier útjûn; Tiemersma lit sjen dat er mei de nijste tiid meigiet. De boeken binne allinnich del te laden as PDF-triem (bestân) en binne dus gaadlik foar de E-Reader. It earste boek dat ferskine sil hjit fan: Hoe blond je aap. It boek giet oer de Nederlânske polityk, dêr’t it plaatsje wichtiger is as de ynhâld en dêr’t de waan fan de dei regearret. Op de nije ynternetside fan Koos Tiemersma is in side út it boek te lêzen.
Op dit stuit is it boek noch net del te laden. It boek dat betelle wurde moat, is noch net hielendal klear. De side dy’t der prachtich útsjocht, is ek noch net funksjoneel klear. It betellersdiel is noch yn de testfaze.
It nijste boek fan Tiemersma, skreaun ûnder de namme Froonakker, is yn it Nederlânsk. Wy geane derfan út dat it boek oerset wurdt yn it Frysk.
Sjoch: http://www.froonakker.nl/
Ek sjen:
- Koos Tiemersma jout fergees in e-boek Under syn skriuwersnamme Froon Akker bringt Koos Tiemersma âlder en...
- Fergees in e-boek De opkomst fan it e-boek giet oan de Frysktalige literatuer...
- De romans fan Koos Tiemersma ...
- Tiemersma hâldt op mei skriuwen Skriuwer Koos Tiemersma hâldt op mei skriuwen. Tiemersma hat bekende...
- Arjen Hut skriuwt Fokke Mâl Arjan Hut skriuwt syn nije boek Fokke Mâl yn it...









Erwin
19 july 2010 14:52
Ik miende earder alris in berjocht lêzen te hawwen fan Tiemersma oer digitale boeken. Ik tink dat Tiemersma it belang fan it digitale boek oerskat. It kin wol wier wêze datst mei digitale boeken mear ferkeapje kinst, ik wol noch net leauwe dat it in revolúsje op it mêd fan boeklêzen is. Ik ha ferskillende boeken fan Tiemersma lêzen mar ik tink dat ik dit boek om twa redenen net lêze sil:
1. It is in digitaal boek. Ik bin ien dy’t net faak lêst. Dan helje ik seker net sa’n djoere elektroanysk lêsding op.
2. Ik lês meastal Frysk. It Nederlânsk ha ik goed yn ‘e macht en lês ik net. As ik al wat oars lês is it yn it Ingelsk of yn ien fan de Romaanske talen.
Erwin
21 july 2010 18:14
Ik ha de digitale lêzer wol sjoen. Yn it foarste plak sille minsken dy’t faak lêze wol sa’n ding keapje. It boek sil earst noch wol bestean bliuwe. Der binne al in protte boeken te lêzen op it ynternet. Ik sjoch net in protte minsken dy’t dy digitale boeken riedplachtsje, en dan ha ik it oer dik fiif jier ynternet! De boeken wurde ek net útprinte en dan lêzen. Ik tink dat de measte minsken ek leaver in boek yn ‘e hân ha. Ik jou de digitale lêzer in lytse kâns. Yntegrearjen mei oare technology soe in oplossing wêze kinne, mar dat is in oare diskusje.
Koos Tiemersma
24 july 2010 10:30
Even in update fan myn kant: de side is klear, it boek wie dat al. Net in jeugdboek, sa’t guon skine te tinken, mar in fleurich kommentaar op de Nederlânske polityk.
Fierder hat Erwin fansels gelyk as er seit dat it belang fan it e-boek oerskat wurdt. Teminsten, sjoen de koarte termyn. Foar de langere termyn is it in oar ferhaal, dan sil it digitale boek in hieltyd grutter plak ynnimme, lykas it keapjen op ynternet, it delladen fan muzyk en neam mar op. Wat dat oanbelanget stiet it digitale lêzen noch yn ‘e berneskuon.
Ryk sil ik der bepaald net fan wurde, mar ik ha der wakker aardichheid oan en dat is foar my wat telt!