Lêze op Kindle en iPad
tongersdei 22 july 2010
Jacob Nielsen is ferneamd om syn ûndersyk nei de brûkfreonlikens fan produkten. Hy hat okkerdeis de iPad test en kaam doe ta de konklúzje dat it der mei de applikaasjes foar de iPad op it stuit raar hinne leit op it mêd fan de brûkfreonlikens.Dêrnei seach Nielsen nei de tiid dy’t de proefpersoanen nedich hienen om de stikken te lêzen. Dêrby die bliken dat lêsflottens by de iPad mei 6,2% ôfnimt. By de Kindle is der sels in ôfname fan 10,7% yn avensaasje fan it lêzen neffens dat wat printe is. De tefredenheid fan de lêzers oer de lêsûnderfining waard ek metten. Op in skaal fan 7 krige de iPad 5,8, de Kindle 5,7 en it papieren boek in 5,6.
De pc moast it mei in 3,6 dwaan. In ûnderfining dy’t troch de proefpersoanen foar in grut part ferklearre wurdt trochdat de kompjûter har oan wurkjen tinke lit. De dielnimmers klagen al oer it gewicht fan de iPad en it swakke kontrast by de Kindle.
De konklúzje dy’t Nielsen dêrút lûkt is dat de skoare oer de tefredenheid hoopfol is foar de takomst fan e-readers en tablettastellen. It is ôfwachtsjen oft universiteiten en bedriuwen oergean sille op dizze wize fan dokumintaasje yn ’e wittenskip dat hja mei in ferlies yn produktiviteit fan 6 oant 10% rekken hâlde moatte.
Ek sjen:
- Baskysk, Katalaansk en Galisysk op de Kindle De Kindle is no ek yn Spanje te keap. It...
- Ljouwerter Krante op iPad LJOUWERT – De Ljouwerter Krante komt freed as earste regionale...
- Wol of gjin porno op ‘e iPAD? ROTTERDAM – Apple docht alle war om bleate en joetsende...
- Frije mei de iPad Wa’t fan syn iPad hâldt, kin syn leafde meikoarten ek...
- Iersk leare op iPhone en iPad DUBLIN – Wa’t it aardich fynt om in pear wurdsjes...








