Lyk yn wetter by Blauforlaet
woansdei 7 july 2010BLAUFORLAET – By de brêge fan Blauforlaet is tiisdeitemiddei it lyk fan in man fûn. De identiteit is noch net bekend, de man hie gjin papieren by him. De plysje ûndersiket de saak, mar tinkt dat it slachtoffer tiisdeitemoarn betiid yn it wetter rekke is en giet net út fan in misdriuw.
Wettersporters seagen it stoflik omskot even nei tolven driuwen yn it wetter fan it Prinses Margrietkanaal en warskôgen de helptsjinsten.
(tekst: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Plysje: gean net it wetter op! LJOUWERT – De Fryske plysje rekomandearret net al te betûfte...
- Drinkeldeade yn Harnzer haven HARNS – Yn it wetter fan de Nije Fiskershaven yn...
- Wolvegea: Soan dolde heit op WOLVEGEA – It stoflik omskot fan de man dy’t snein...
- Namme Feanster deade bekend IT HEARRENFEAN – De plysje wit de identiteit fan in...
- Radio-aktyf wetter út reaktor TOKIO – Wurknimmers fan de Japanske kearnsintrale Fûkûsjima binne tiisdei...








