Meartaligens en foarútgong

tongersdei 8 july 2010

Homonymy en rym binne dingen dy’t it tinken beynfloedzje. Der kin dêrom oannommen wurde dat soks yn ûnderskate talen ûngelyk wurket.
Dat soe betsjutte dat men yn de iene taal earder ta in beskate konklúzje komt as yn in oaren, of dat men sels ta in oare konklúzje komt.

Sa besjoen is it wol gjin wûnder dat it meartalige Europa it inisjatyf ta ûntwikkeling fan ’e wittenskip oernommen hat fan it mear en mear lykfoarmich wurdende Foar-Azië, in ûntjouwing dy’t dan no yn de USA troch al dy europeeske ymmigranten syn neibloei belibbet!

Pyt

Ek sjen:

  1. Meartaligens as motor Piter Jelles skriuwt earne yn syn tinkskriften, dat er as...
  2. Wat is eins foarútgong De ferkiezings ha west. “It folk hat sprutsen”, hjit it...
  3. Meartaligens: ek foar dôve bern Oant no ta gienen in soad logopedisten en terapeuten derfan...
  4. Tydskrift oer meartaligens Doutzen Kroes praat fansels Frysk mei har mem. Se seit:...
  5. Afrikaansk opfretten? It Afrikaansk stiet op it punt om opfretten te wurden...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic