Meartaligens makket tûker

freed 2 july 2010

famkesSJARDZJA – Meartaligen binne tûker yn it oplossen fan problemen as ientaligen. Dat is de útkomst fan ûndersyk fan de psycholooch Anatoly Charchoerin.

Charchoerin hat ûntdutsen dat meartalige minsken in probleem makliker út ferskillende ynfalshoeken besjen kinne. Se hâlde by it neitinken ek minder lang oan in oplossing fêst dy’t net wurket as minsken dy’t mar ien taal prate. Dêrtroch binne se better bysteat en betink nije, orizjinele oplossingen.

Foar syn ûndersyk hat Charchoerin ûndersyk dien op Amerikaanske studinten mei ferskillende talige eftergrûnen. Hy liet harren puzeltsjes oplosse dêr’t soms in kreative of ûngewoane manier fan tinken foar nedich wie. De studinten dy’t neist Ingelsk ek Russysk of Perzysk praten, dienen it better as de ientalige Ingelskpraters.

Anatoly Charchoerin is berne yn Ruslân, hat yn Nimwegen en Amsterdam studearre, hat oan de universiteit fan New York wurke en docht op it stuit ûndersyk oan de universiteit fan Sjardzja yn de Feriene Arabyske Emiraten.

Klik hjir foar in artikel fan Charchoerin oer syn ûndersyk.

Ek sjen:

  1. EU makket hiemside oer meartaligens BRUSSEL – Ein 2012 wol de Europeeske Uny in hiemside...
  2. Meartaligens begjint al foar berte Bern út twatalige mienskippen rjochtsje har fuort by de berte...
  3. Ateïsten binne tûker Ateïsten hawwe trochinoar in heger IQ as leauwige minsken. Tûke...
  4. Dútsers binne tûker wurden Dútsers binne yn de jierren ’90 tûker wurden. It Dútske...
  5. Diskriminaasje makket siik LEIPZIG – Minsken dy’t it gefoel hawwe dat se “der...

2 reaksjes op “Meartaligens makket tûker”


  1. Lútsen
    3 july 2010 15:36

    Soa, dan moat Fryslân wol hiel sosjale èn tûke bewenners hawwe.


  2. pizzabakker
    3 july 2010 17:00

    Yn Fryslân binne yn elts gefal net folle Wilders stimmers.

Realisaasje: Pronamic