Minder jild foar Fryske media

snein 4 july 2010

demoanneLJOUWERT – De provinsje Fryslân tinkt deroer nei om de stipe foar fjouwer Frysktalige of twatalige media gâns te ferleegjen. It giet om it opinyblêd De Moanne, it literêre tydskrift Ensafh, de tematydskriften fan de Afûk en de jongereinwebsite Froeks. Hja krije mei-inoar in bedrach fan 430 tûzen euro yn it jier. Neffens wurdfierder Tsjerk Bottema giet dat bedrach takom jier mooglik omleech nei 130 tûzen euro, in besuniging fan trije ton.

De provinsjes krije troch de ekonomyske delgong yn it ôfrûne jier allegear minder jild fan it Ryk en moatte oer alle boegen besunigje. De stipe dy’t yn it ramt fan de taalnota Frysk oan ferskate ynstellingen jûn wurdt, sa’n 450 tûzen euro yn it jier, wurdt ynearsten net oantaast. De stipe foar it Frysk yn it ûnderwiis wurdt ek net ferlege.

Ek sjen:

  1. Europeesk jild foar Oerol SKYLGE – It Europeeske festivalnetwurk In Situ, dêr’t it Skylger...
  2. Skoallen krije jild Steatssekretaris Sharon Dijksma hat jild útlutsen foar de ferbettering fan...
  3. Ekstra jild foar Nordfriisk Instituut BRÄIST – It Nordfriisk Instituut yn Bräist kriget tweintich tûzen...
  4. Net-riken lokkich mei jild Jild makket lokkich. Dat sizze twa foaroansteande Amerikaanske ekonomen. Mar...
  5. Haachsk jild foar Fryske ynfrastruktuer LJOUWERT – It Ryk stelt 164 miljoen euro beskikber foar...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic