Natuerklup ferwolkommet allochtoanen
woansdei 21 july 2010De feriening Natuurmonumenten hat ûndersyk dwaan litten nei de gefolgen fan klimaatferoaring foar natuergebieten. Omdat dy o sa grut blike te wêzen, sil de natuerorganisaasje har belied yngripend wizigje. Dat kundige beliedsmeiwurker Harm Piek snein oan by de presintaasje fan de ûndersykresultaten yn it radioprogramma Vroege Vogels.
De dinnekaaiblom is in wylde orchidee dy’t no noch yn grutte oantallen te finen is yn bygelyks de Waadkrite.
De klimaatferoaring bringt temperatuerferheging, seespegelstiging, droechte yn ‘e simmer en fûle reinbuien by it winter. In protte soarten sille de ferskowing yn klimaatsônes net byhâlde kinne en ekstreem waar kin dan de genedeklap betsjutte. Foar de soarten dy’t yn prinsipe wol rêd genôch binne, bepaalt de Ekologyske Haad Struktuer harren oerlibbenskâns omdat dy de ynfrastruktuer foarmet dêr’t se harren lâns ferpleatse moatte. Ûnder de meast kwetsbere kriten falle de lege wiete gebieten oan de kust (lykas de Waadsee) dy’t te fier ûnder wetter komme te stean. Natuurmonumenten wol dêrom besykje neistlizzend lân op te keapjen en splis te setten, mar sil fansels yn konflikt komme mei lânbou en bewenning. Fierders binne benammen fean- en heidegebieten (lykas it Fochteloërveen en de Dwingelose Heide) tige kwetsber omdat dy ferdroegje. Oerflaktewetter ynlitte sil fertuten dwaan, mar bringt fakentiden ek fersmoarging mei. In oplossing foar dy lêste swierrichheid is om reinwetter te garjen yn polders, mar dêr komt dan ek wer it probleem fan de beheinde romte by.
It feanbeiblaujurkje komt yn Nederlân op it heden allinnich noch yn Drinte en Súd-East Grinslân foar.
It is dúdlik dat grutte feroarings suver net mear op te kearen binne: soarten sille op in soad plakken ferdwine. Natuurmonumenten wol dêrom tenei net mear alle war dwaan om oeral de besteande situaasje fêst te hâlden, mar sil de feroaringsprosessen sa goed mooglik begeliede om te besykjen it biologysk ferskaat te rêden. Soarten moatte holpen wurden harren te ferpleatsen. Autochtoane soarten dy’t hjirre oan de súdrâne fan harren ferspriedingsgebiet sitte, ferlitte Nederlân en tsjogge nei bygelyks Súd-Skandinavië dêr’t se harren yn it feroare klimaat better thús fiele. Foarbylden fan emigranten binne: planten lykas de dinnekaaiblom, flinters lykas it feanbeiblaujurkje, wetterjuffers lykas de noardske glêzebiter en fûgels lykas kuorhin, wâldspjocht en reidmies. Fan de deiflintersoarten sil likernôch 75 % út Nederlân ferdwine en sa’n 50 fûgelsoarten krije it o sa dreech.
Yn België is de kuorhin al ferdwûn en yn Nederlân is it tal fan mear as 400 briederspearen yn 1976 tebekrûn nei 15 oant 23 yn de perioade 2002 – 2007. Yn Nationaal Park De Hoge Veluwe binne kuorhinnen op ‘e nij útsetten. Dy aksje hat strideraasje oproppen yn fermiddens fan saakkundigen omdat it útlânske kuorhinnen binne dy’t genetysk ôfwike fan de Nederlânske; mar it mingen fan de populaasjes soe net plakfine omdat de fûgels tige hiemfêst binne. Yn it bûtenlân giet it nammers ek min mei de kuorhin.
Dat betsjut lykwols net dat Nederlân allinnich mar soarten kwyt rekket, want dy fan Súd-Europa komme dit út. Mei al dy ymport hat it útroegjen fan eksoaten – op it heden noch in wichtige aktiviteit fan natuerbehearders – skielk fansels gjin doel mear; útsein by soarten fan oare kontininten dy’t troch it ûntbrekken fan natuerlike fijannen pleagen foarmje kinne. De kâns is lykwols al grut dat spesjale soarten yn ‘e ferhuzerij weiwurde wylst opportunistyske planten en bisten rûnom foarkomme sille en ek in pleach wurde kinne.
De rottekop. In ûndersoarte fan dizze wrotmûs komt allinnich yn Nederlân foar. De fraach is: hoe lang noch?
Soarten dêr’t Nederlân in ynternasjonale ferantwurdlikheid foar hat, omdat dy yn West-Europa skraachwurk foarkomme, binne: reiddomp, reidlyster, lytse stirns, dûkelmantsje, rottekop en grienknolkaaiblom.
De tiger- of wapsspin is in allochtoane soarte út ‘e Middellânske Seekrite dy’t foar’t earst yn Nederlân oantroffen is yn 1980 yn Limburch, dêrnei fierder nei it Noarden tein en hjoed-de-dei al yn alle Nederlânske provinsjes te finen, al binne de oantallen noch lyts.
As ymmigranten wurde ûnder oaren ynhelle: de reade glee, de keninginnepaazje, it beamimerke, de sânhagedis en de tigerspin. Ûnder de pleachsoarten falle: Sineeske gerskarper, Amerikaanske swurdskie en Aziatyske kuormoksel. Feroarsakers fan nije syktes binne: de knut dy’t blautong meinimt, de Borelia baktearje dy’t troch tiken Lyme ferspriedt, de ikeprosesjerûp, it fûgelgrypfirus en it westnylfirus.
Ek sjen:









