Neandertalers krekt bodybuilders
woansdei 7 july 2010
MOSKOU – Ut Russysk ûndersyk oan oerbliuwsels fan neandertalers docht bliken dat dy útsûnderlik spiersterke earms hienen. Se moatte op bodybuilders like hawwe, seit ûndersyksliedster Maria Mednikova. Dat komt troch in hege doasis manlike hormoanen yn it lichem. In oarsaak soe wêze kinne dat se hast allinnich mar fleis ieten. Harren genen, it klimaat en harren libbenswize sil ek in rol meispile hawwe, seit frou Mednikova.
In ferslach fan it ûndersyk is okkerdeis ferskynd yn it tydskrift Archaeology, Ethnology & Anthropology of Eurasia.
Ek sjen:
- Frouljusstim oantreklikst krekt foar aaisprong GÖTTINGEN – Frouljusstimmen binne foar manlju it oantreklikst as de...
- Haffelje is gauris in automatisme LOS ANGELES – Komt it jo ek wolris oer dat...
- Hamburgers kinne sûkersykte feroarsaakje CAMBRIDGE – Hamburgers en woarstjes binne net sa goed foar...
- Libje mei keunstmjittige genen PRINCETON – It waaksen fan bern, it oanmeitsjen fan nije...
- Slangen sûnder biologyske heit RALEIGH – In boa-konstriktorwyfke hat 22 jongen krigen sûnder dat...








