Nederlân-Uruguay: 3-2
tiisdei 6 july 2010JEHANNESBURCH – It Nederlânsk fuotbalalvetal hat foar de tredde kear yn de skiednis de finale fan it wrâldkampioenskip berikt. Oranje spile hjoed 3-2 tsjin Uruguay. Snein 11 july spylje de Nederlânske mannen de finale tsjin òf Spanje òf Dútslân.
Yn it skoft wie de stân noch 1-1. It Nederlânske doelpunt wie fan Giovanni van Bronckhorst. Yn de twadde helte makken Wesley Sneijder en Arjen Robben der noch twa doelpunten foar Nederlân by. Yn blessueretiid makke Uruguay noch in doelpunt.
Ek sjen:
- WK: Nederlân ferslacht Brazilië PORT ELIZABETH – De Nederlânske balskoppers hawwe it sa knap...
- Nederlân – San Marino: 11-0 EINDHOVEN – It Nederlânsk fuotbalalvetal hat freedtejûn yn Eindhoven fan...
- Oranje en Uruguay spylje lyk MONTEVIDEO – It Nederlânsk alvetal hat yn Montevideo lykspile tsjin...
- Nederlân-Japan: 1-0 DURBAN – It Nederlânsk alvetal hat syn twadde wedstryd yn...
- Oranje mei balskoppe yn fearnsfinale DURBAN – De Nederlânske balskoppers hawwe Slowakije ferslein en geane...








