Needwaar wurdt sljochtdeisk

snein 18 july 2010

NeedwaarTrije kear binnen in wike – sneon 10, moandei 12 en woansdei 14 july – raasde needwaar oer Nederlân. Woansdei bygelyks fleagen yn Gelderlân (Vethuizen) troch in wynhoas 20 caravans de loft yn en bedarren yn in wetterpuozze (mei in deade as gefolch), bruiden yn deselde krite 5 heechspanningsmêsten om, waaiden yn Limburch op syn minst 15 tekken fan wenten, bejoegen yn Brabân broeikassen it ûnder heilstiennen en kiperen rûnom beammen om en brutsen tûken ôf dy’t de trochgong op diken behinderen. De earste rûzings fan de skea sitte yn totaal al boppe de 50 miljoen euro. Meteorologen warskôgje yn de media dat soksoarte ekstreem waar no krekt is wat hja al oankommen seagen troch de klimaatferoaring. Dat, wy sille der mar oan wenne moatte. Mar wachtsje ris, wie dy klimaatpanyk net klearebare poepelderij? De rapporten fan dy klimaatnegativelingen sieten dochs grôtfol flaters? As it al net in komplete klimaatmaffia wie dy’t harsels mei it grouwélich oerdriuwen fan ‘e problemen moai oan it wurk hold? Wie it mar wier.

NeedwaarOverdinkelKlimaatskeptisy mienden ferline jier novimber yn stellen emails te lêzen dat foaroansteande Britske klimaatwittenskippers harren ûndersyksresultaten fergûchelen. Mar út ûnôfhinklik ûndersyk docht no bliken dat der út noch yn gjin bewiis is foar korrupsje of falskens by de Climate Research Unit fan de Universiteit fan East Anglia. Der is allinnich krityk dat it klimaatynstitút net iepen genôch wie oer ûndersyksresultaten en de ûnwissichheden dêryn.

It Nederlânske Planburo foar it Libbensfermidden (PBL) hat ek wakker teset west mei de klimaatproblematyk en wichtige dielen fan de rapporten fan it Intergovernmental Panel on Climate Change (IPCC) hifke. Oanlieding wienen flaters dy’t dêr yn fûn wienen (sjoch ûnder oaren It Nijs fan 20 jannewaris  en 4 febrewaris). It PBL hat it IPCC mar op ien signifikante nije flater trapearre: in roaide ôfname fan 50 oant 60 % yn ‘e ansjofiskfiskerij oan ‘e Afrikaanske westkust wie basearre op in ferkearde ynterpretaasje fan de literatuer; it persintaazje sloech op it tanimmen fan bluisterich waar en seewetter mei net kwantifisearre effekten op ‘e ansjofiskpopulaasje. Fierders koe it PBL allinnich wat ûnsoarchfâldichheden fine dy’t net folle om ‘e hakken ha. It PBL riedt it IPCC al oan tenei de konklúzjes trochsichtiger te ûnderbouwen, mei better ûnderskied tusken klimaateffekten en de effekten fan bygelyks wolfeartsgroei, in folsleiner byld te jaan fan ‘e klimaateffekten, ynklusyf de positive gefolgen en mear te ynvestearjen yn kwaliteitskontrôle en kennisopbou. De haadkonklúzjes oer de klimaatferoaring (sjoch ûnder oaren It Nijs fan 11 febrewaris) bliuwe oerein. Om dat nochris te ûnderstreekjen: der is op ‘e Noardpoal dizze simmer wer minder pakiis as ea earder metten!

Ek sjen:

  1. Deaden troch needwaar FS Yn de Feriene Steaten binne sûnt tongersdei al twaentweintich minsken...
  2. IKEA wurdt ôfparst Meubelferkeaper IKEA wurdt ôfparst. Dat hat in wurdfierder fan it...
  3. Der wurdt wer flein AMSTERDAM – Der wurdt wer flein yn Europa. Fan ‘e...
  4. Der wurdt wer himmele AMSTERDAM – Fan moarn ôf wurdt der wer himmele yn...
  5. Soarch wurdt djurder DE HAACH – De antykonsepsjepil ferdwynt foar froulju oer de...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic