Nije bisten Australië
freed 16 july 2010
In Australyske groep wittenskippers hat in oantal prehistoaryske diersoarten ûntdutsen, dy’t ûnder it Great Barrier Reef libje. By it ûndersyk waard gebrûk makke fan in kamera dy’t geskikt wie om de donkere oseaanboaiem ôf te speuren.
De bisten libje op 1400 meter ûnder it seenivo. Op dizze djipte kin gjin sinneljocht komme. Under de nij ûntdutsen diersoarten sit ek in prehistoaryske haai.
Neffens ûndersyklieder Justin Marshall wie it ûndersyk nedich yn ferbân mei resinte ûngelokken wêrby’t oalje yn it Great Barrier Reef terjochte kaam en de opwaarming fan de ierde. Dy bedrigen it gebiet fan 345.000 kante kilometer, ien fan de wichtichste toeristyske attraksjes fan Australië.
Ek sjen:








