Oanfal Westergaard wie terrorisme

sneon 3 july 2010

ÅRHUS – De oanfal op tekender Kurt Westergaard wie in die fan terrorisme. Dat is de miening fan it Deenske Iepenbier Ministearje. De oanfaller, in islamityske Somaliër waans namme net buorkundich makke is, briek op nijjiersdei yn it hûs fan Westergaard yn en foel him yn it bywêzen fan syn pakesizzer oan mei in bile. Westergaard koe himsels yn ‘e baaikeamer ynslute en yntiids de plysje warskôgje.

Neffens it Iepenbier Ministearje hie de Somaliër it doel om de Deenske befolking tige kjel te meitsjen en Denemarken út it lykwicht te bringen. Dêrom wurdt er ferfolge foar terrorisme. As de rjochter him skuldich befynt, kin er yn prinsipe libbenslang krije – hoewol’t finzenen mei in libbenslange straf oer it generaal nei sechstjin jier wer frijlitten wurde.

De Somaliër ûnstriidt alle beskuldigingen, útsein yllegaal wapenbesit. Hy soe Westergaard allinnich wat narje wollen hawwe.

Kurt Westergaard is al in pear jier it slachtoffer fan lilke islamityske ekstremisten dy’t him deadwaan wolle. Dat is om’t er yn 2006 in spotprint makke fan de midsieuske Arabier Mohammed. Neffens islamiten is Mohammed in profeet fan God en mei men gjin grappen oer him meitsje en him sels net tekenje.

Ek sjen:

  1. Oanslach op Kurt Westergaard ferhindere
  2. M100 jout priis oan Westergaard
  3. Tekender fuortyntimidearre
  4. Moslims falle tekender oan
  5. Bom mûlk foar Jyllands Posten

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic